SDS-League: ‘Bergosso’ is yn foarm!

Weppers moandei 24-10-2022
24 oktober 2022
Weppers tongersdei 27-10-2022
27 oktober 2022

Jan-Friso Bruinsma hat it mei it fuotbaljen fan SDS 3 op it stuit net sa drok, dus kin him hielendal rjochtsje op syn team yn de SDS-League; Bergosso. En dat docht dizze wike fertúten. Mei mar leafst 62 punten lit der elkenien fier efter him en pakt hy neist de wykpriis ek de kopposysje.

‘Hup SDS’ fan Grietzen Broersma stiet no 2e en ‘Kallo Legends’ fan Lourens van der Pol 4e.

‘Aan de kant ik moet naar’t stadion!‘ fan Sjoerd van Beem hat blykber it meast lêst hân fan it minne waar. Hy sakket fan it 2e nei it 7e plak.

De koaches fan ‘Baco Juniors’ binne beide blesseard en stoarte harren hielendal op in priis yn de SDS-League. It giet stadich oan, mar ynmiddels steane sy al 6e mei noch 3 wiken te gean.

‘FC Systeemplafond’ fan Jacob-Klaas Haitsma hat de gang omheech aardich te pakken. Ynmiddels stiet hy al 10e.

‘Grauwe Strijders‘ fan Kevin den Haan hat op ‘e nij in minne wike en stiet no hielendal stiif ûnderoan mei mar leafst 15 punten efterstân op ‘Het Dispuut’ fan Jasper de Boer en ‘Brekken Boys’ fan Okke van der Kamp.

 

SDS League 2022-2023 stand earste helte wike 6