SDS League: Algemeen Fons pakt wykpriis!

Weppers woansdei 7-3
6 maart 2012
Weppers tongersdei 8-3
7 maart 2012

It is dizze wike “Algemeen Fons” fan Sjoerd Rispens dy ’t sawol de wykpriis pakt as it earste plak yn de SDS League. Itselde barde eksakt 4 moanne lyn. Sjoerd eindige doe úteinlik as 3e. No sit der fêst mear yn no ’t hy Ard van Peppen fan RKC yn syn basisalve stean hat.


“Balletje Balletje” fan Grytzen Broersma giet ek hurd foarút yn de SDS League. Hy giet fan 29 nei 3. Hooplik giet it ek sa hurd foarút mei syn knibbel.

Messi wie dit wykein foar it earst yn syn libben skorst en “Stanley Messi”(Jelte-Pieter Dijkstra) sakket lyk fan 2 nei 9…………

“Torpedo Toering” fan Jaap giet stadich oan wer nei boppe. Dizze wike giet hy fan 20 nei 11.

Teade de Boer hie better foar nije oanwinsten kieze kinnen ynstee fan “de oanwinsten fan 2011”. Hy wurdt no in grutte konkurrint foar Dooitze Nauta mei “Meastal boppe-oan” en “Syb” om it lêste plak.

Sjoch hjir foar de nijste stân:
wike 4.