SDS League: "Algemeen Fons" pakt alles!

SDS 1 – Nijland 1
1 oktober 2014
Seleksjes sneon 4-10
2 oktober 2014

En samar yn ien kear is Sjoerd Rispens der wer. De foarige edysje fan de SDS League wûn der al en no pakt hy samar de wykpriis en lyk ek de kopposysje mei “Algemeen Fons”. Hy hie mar leafst 59 punten dizze wike en lit eltsenien fier efter him.

En wy mar útlizze dat je ferstân fan fuotbal hawwe moatte om de SDS-League te winnen………

Jaap “Torpedo Toering” pakt aardich wat punten dizze wike, stiet twadde en hat no al in gat slein fan 26 punten op Sjoerd van Beem mei “FC Carpool”. Mocht de Hertog Jan yn de reklame wêze dan is it miskien ferstannich foar Sjoerd om alfêst in kratsje te heljen.

Boudewijn Kramer sit aardich yn de lytse lûge. Earst syn knibbel foar in part oan barrels en no ek noch de reade lantearn pakke yn de SDS League. Ien foardiel; hy hat no alle tiid om him op syn VV B.A.K. te stoarten. 

Sjoch hjir foar de nijste stân:
wike 2.