SDS League: Aant pakt wykpriis!

Weppers woansdei 14-11
13 november 2012
Sealweppers
14 november 2012

It is dizze wike “Ommers it ferskil” fan de wepmaster mei it koarte hier dy ’t it ferskil makket. Hy pakt foar it earst yn syn libben de wykpriis yn de SDS League. Hy sil de jildpriis wol net brûke foar in burdtrimmer, mar foar in pear ekstra konsumpsjes by de Blues yn Easterein nije wike snein of foar in part fan de yntree by Jan Nota yn de Tsjerne kommende sneon. As soe it al earder de bûse “útbaan(t)e”?

Of foar in lange broek…………

Aant seach net frjemd op fan de wykpriis.
Seip(VVV), Matavz(PSV) makken “Ommers”(FEY) it ferskil”.

“Ozzy Rules”(Hendrik Eringa) en “Jacob”(Kah Haitsma) komme krekt in teanneil te koart om de wykpriis te pakken. Sy hawwe ien punt te min.

“JorImke”(Jorine & Imke) rinne noch fierder út op “Balletje, balletje”(Grietzen Broersma). It gat is oprûn oan ’t 20 punten. “Pro-Postma”(Eeltsje) is al wat tichterby kommen, mar stiet mar leafst 43 punten efter de froulju.

“FC Grasmat” fan Erwin de Boer hat de reade lantearn noch altiten stiif fêst.

Sjoch hjir foar de nijste stân:
wike 8.