Foto’s mei Rients
21 februari 2021Weppers woansdei 24-2-2021
24 februari 2021Wat hie Sjoerd van Beem ôfrûne wykein graach sjoen dat syn klupke sc Heerenveen fan FC Groningen winne soe. It waard spitich genôch in lykspul. Hooplik helpt de wykpriis mei ‘Aan de kant ik moet naar het stadion!’ him dochs noch oan in goed sin. Of noch wichtiger; dat wy daliks wer gau nei it stadion kinne!
It skeelde net folle of Grietzen Broersma pakte mei ‘Hup SDS” de wykpriis. Hy hie mar ien puntsje minder as Sjoerd. ‘Okke Boys’ fan Okke van der Kamp hie twa puntsjes minder en ‘BarbEeltsje’ Postma trije puntsjes.
‘FC Hallema’ fan Arjen Hallema stiet noch altiten boppe-oan. Hy hat 4 puntsjes mear as nûmer twa ‘Team KeJe 3’ fan Tim Laske. Tim Laske is in ‘kollega’ fan Johan Delfsma en like it ek wol wat om ris mei te dwaan oan de ferneamde SDS-League. Hy skreaun lyk 3 teams yn.
Thys Bruinsma nimt mei ‘Dy Kloaten’ de reade lantearn oer fan ‘Onana Clean Sheet’ fan Johan Delfsma. Kevin, Mark en Wessel steane ien nei lêst mei 8 puntsjes mear.