SDS League: 3 koprinners!

Wepperkes -freed-
9 februari 2006
Wepperkes -sneon-
10 februari 2006

Nei in hiel gepuzzel binne wy dan eindliks los mei de twadde helte fan de SDS League.

Wy begjinne lyk mei 3 koprinners. Dit binne Feite(FdH), De Farobies(LdJ) en VV Aan de Thee(FTvSenJvdW). It prizenjild wurdt sa moai ferdield oer Easterein, Lollum en Skearnegoutum.

FC Munnaps(BS) begjint ek dizze edysje wer knap. Dizze Spannumer fûl de forige kear yn de prizen en begjint no as 5e.

De coach fan FC Munnaps kin der wol ien op keapje.

Wy hawwe der sa ’n 20 dielnimmers by krigen. Der dogge no 81 teams mei oan de SDS League. De útstrûpers(MW) slagget it om as lêste te begjinnen. No komme de piipen út de sek(IdB) is ek noch net sa hastich as nûmer 80.

Yn wike 1 binne noch net de punten meinaam dy ’t tiisdei en woansdei helle binne. De punten fan woansdei komme by wike 2. De punten fan tiisdei telle net mei. Dit komt om ’t competitiemanager.nl dit ek net docht. Wy krije de punten fan dizze webside en kinne hjir net fan ôfwike.

Groeten, Willem.

Sjoch hjir foar de nije stân:
wike 1