SDS League: 2 wykpriiswinners!

Weppers tongersdei 5-12
5 december 2013
Seleksjes sneon 7-12
5 december 2013

Dizze wike wer ris 2 wykpriiswinners yn de SDS League. Sawol Tsjalling Sikma mei “FC Dronrijp” as Habtamu(en Emke) de Hoop mei “Happy Feet” pakke mar leafst 45 punten en dêrmei terjochte de wykpriis. Beide stoarmje hjirmei de top 10 binnen.

Tsjalling en Habtamu yn waar en wyn.

Dirk de Jong hat de wyn noch altiten flink yn de silen en bliuwt fier boppeoan stean mei 8 punten foarsprong op “Okkidokkie” fan Dirk Okkema en Tsjalling Sikma.

Mei dizze hurde wyn hienen wy mear ferwachte fan “Pierewaaier FC” fan Jesse van der Weide. In flinke wynpûst soarget der allinnich foar dat hy sakket fan 2 nei 7.

Ek “Bulder” fan Jan Mulder soe it no wol goed dwaan kinne mar dy waait fan 15 nei 19.

By Feyenoord liket it lek boppe, mar Dirk-Yde Sjaarda slagget it net om mei dizze wyn “Àlle ballè op Pellè” te krijen. Hy waaiert rjochting de ûnderste plakken en giet fan 44 nei 54.

Wy tinke dat Ralph Wariman der jûn efkes in read wyntsje op nimt, want mei “Don’t Wari” stiet hy al wiken net mear ûnderoan.

Harm Bergsma hat ek altiten noch flink yn de wyn en bliuwt stiif ûnderoan stean.


Sjoch hjir foar de nijste stân:
wike 10.