SDS F1 walst oer SDS E4 hinne

SDS E4 ûnderút in kreaker tsjin SDS F1
23 februari 2004
Wedstriidbal foar SDS F1
23 februari 2004

Ûntspannen berieden de toppers fan SDS F1 harren foar op de prestige-striid tsjin SDS E4. As ûnderhûn koenen hja dochs allinne mar winne. Dat barde ek.
Mei prachtig kombinaasjespul en skitterende yndividuele aksjes tikten de mantsjes de fysiek folle sterkere spilers fan SDS E4 hielendal skeel. Rêststân 4-1 werby’t der ek noch in súver doelpunt ôfkeurd waard. Nei de rêst sette E4 in ekstra spiler yn, mar lykwols wienen de bêste kânsen ek noch foar SDS F1. Einstân 4-2.

F1 docht in ûntspannen warming-up.

Teamfoto F1.