Wepperkes – sneintejûn –

SDS-ers mear bûkelje as boppeslaan
29 mei 2004
De Freonen fan SDS (3)
1 juni 2004

Aktiviteiten pinkstermoandei

Der binne moandei wer hiel wat SDS-ers aktyf.

Sa sille der grif in oantal wêze dy’t de 11 stêdentocht fytse. Der wurdt grute dat Ype Tiemersma mei sweager Tjeerd Dijkstra de 240 kilometer fytse sille. Der binne guon dy hawwe harren trainen sjoen, tusken Wommels en Easterein.

Of biedt Ype syn kaart hjir oan op ynternet sûnder dat Tjeerd dat wit?

 

Nederlandske kampioenskippen keatsen binne yn Frjentsjer. Wommels en Easterein binnen fansels ek aktyf. Wolle je harren sjen, dan is it oan te riden moarns om 9 oere der te wêzen. Middeis binne der meast oare doarpen aktyf.

 

Dat sille der ek guon wêze dy’t net efter de kompjoeter wei slaan te binnen. Foar harren noch in tip mei it each op 15 juny.

http://www.schade-deutschland-alles-ist-vorbei.com/

 

 

En foar oaren is dêr de driging fan 12 juny. 42 kilometer rinne tusken 15000 oaren opjage troch 90 korpsen en op wei nei de seedyk by Easterbierum. Op de foto de finish fan Jelle de Boer en soan Ids yn 2000

 

Foar de leafhawwer fan motorgestjonk is der fansels ek noch in 11 stêdentocht foar motoren.

 

En je kinne gwoan thús bliuwe.

Wa fan him sels of fan oaren noch aardige kiekjes hat fan dizze pinkstermoandei kin se ús maile. Dan hawwe wy tiisdei of woansdei ek wer nijs. info@vv-sds.nl

In foto fan Tjeerd en Ype op de fyts dat soene wy wol tof fine