SDS en it Coronafirus (2)

Voetbalnederland
2 april 2020
Treffer 50 jier yn op ‘e Skille
3 april 2020

De KNVB hat ôfrûne wike besletten om it fuotbalseizoen by de amateurs net mear ôf te meitsjen. Dat betsjut dat it fuotbalseizoen foar ús dien is.

De kontribúsje foar it twadde heal jier moat noch ind wurde. Us ponghâlder is drok dwaande om te sjen wat wy hjir mei dwaan sille. Hjirfoar moat hy alle rekkens hawwe om dit seizoen ek finansjeel ôfslúte te kinnen. Dat betsjut it folgende:
– Graach de rekkens foar it woskjen en oare saken sa gau as mooglik ynleverje by de ponghâlder.
– De SDS-auto kin wer ynlevere wurde by Wheagan.

De sjurts kinne pas ynlevere by Klaas de Haan as de wrâld wer wat normaal draait. De hesjes dy’t yn it ballenhok hingje wurde wol alfêst útwosken.

It sportpark is ticht en lykas oars mei der net op it keunstgers fuotballe wurde as der gjin wedstriden binne. De goals binne fuorthelle.

Om ús stipers te stypjen dizze tiid liket it ús goed om se in hert ûnder de rym te stekken troch by harren je guod te keapjen!

Al mei al is it wichtichst om mei syn allen sûn dizze tiid troch te kommen!

Mochten jim fragen, opmerkings of oars wat hawwe mail it dan nei info@vv-sds.nl.

Ut namme fan it bestjoer fan SDS
Willem Wijnia
foarsitter SDS