Voetbalnederland

It sit er op dit seizoen
31 maart 2020
SDS en it Coronafirus (2)
3 april 2020

It seizoen is dien en de KNVB hat besletten om it seizoen te beskôgjen as net spile. Dus gjin einstanden en dus gjin kampioenen en/of degradanten.

Foar ús favorite webside VoetbalNederland leit dat wat oars. Sij binne it dêr net mei iens en hawwe in oar standpunt ynnommen wat betreft de gegevens fan dit jier. Sjoch hjir

Dit betsjut foar de tredde klasse A dat Workum 1 it archyf yngiet mei in K fan kampioen. Se hawwe der neat oan want takem jier sitte se wer bij SDS yn 3A.

Wat wol aardich is fansels dat de doelpuntenmakkers fan dit seizoen harren doelpunt(en) net kwytreitsje.

Wij binne it hjir folslein mei ien.  Hjir ûnder stean de doelpuntenmakkers fan SDS 1 dit seizoen en dy bliuwe stean.

(boarne: VoetbalNederland)

Ek ús eigen ranglist mei de doelpuntenmakkers fan alle senioreteams bliuwt gewoan stean en wurdt argivearre. Wij sille dêr letter noch wol wat oandacht oan bestede