SDS EK-League foarútsjoch

EK-League 7-7-2024
7 juli 2024
EK-League 10-7-2024
10 juli 2024

Sa krekt foar de heale finales sjogge wy efkes foarút.

Gjin punten

Wy binne al langer fan miening dat je de útslaggen yn de finaleronde net foarsizze kinne. Ommers witte je fantefoaren hielendal net wa ’t der tsjinelkoar fuotbalje. No docht ek noch bliken dat op it ynfulformulier fan de SDS EK-League stiet dat yn de heale finale 45 tsjin 46 moat en 47 tsjin 48. Dat soe wol logysk wêze, mar by de UEFA is it dan meast krekt efkes oars. 45 moat tsjin 48 en 47 tsjin 46.
Dêrop hawwe wy besletten om de punten foar de útslaggen yn de heale finales en de finale net mei te tellen.

Spanje of Frankryk?

7 dielnimmers sjogge Spanje yn de finale kommen. 19 geane foar de Fransen.

Nederlân of Ingelân?

9 dielnimmers sjogge it hielendal sitten mei Koeman c.s. 25 dielnimmers jûchheie dochs noch in bytsje as Nederlân it net oprêdt en Ingelân troch giet nei de finale.

Europees Kampioen

37 dielnimmers binne noch yn de race foar de ekstra 50 punten at je de kampioen goed foarsizze.
Dat fine wy bêst wol in soad.
9 * Dútslân
2* Spanje
1 * Itaalje
10 * Ingelân
6 * Nederlân
19* Frankryk

Topskoarder

Hjir is noch net folle oer te sizzen.
Gakpo, Musiala, Schranz en Mikautadze binne oant no ta topskoarder mei 3 goals.
Net ien fan de dielnimmers dy’t ien fan dizze 4 as topskoorder seach.
Der binne noch genôch dielnimmers dy’t de topskoorder mooglik al goed hawwe:
25 * Mbappé
15 * Kane
4 * Depay
1 * Griezman, Morata
De 3 dy’t Ronaldo, Lukaku en Füllkrug hienen kinne gjin bonuspunten mear krije. De rest dus wol.

Goals

Hoefole goals soe de topskoorder fan it EK meitsje?
Oant na ta steane Gakpo, Musiala, Schranz en Mikautadze op 3 goals.
Lolke Hofstra, Paul Reitsma, Lisa Hoekstra, Jelke van der Werf en Lourens van der Pol geane foar 5 goals.
Tom Wijnia hoopt dat Mbappé (no 1 goal) noch 9 goals meitsjen giet en Melle de Boer giet foar 13 goals der by.

Reade kaarten

Mei noch mar 2 direkte reade kaarten op dit EK is elkenien noch yn de race foar de 50 bonuspunten. Al ferwachtsje wy net mear dat wy de 17 reade kaarten heljen gean.
Samme Overal (2), Eeltje Postma (2), Johan Delfsma (3), Hessel Hek(3), Marc Hoekstra (3), Jan-Friso Bruinsma (3) meitsje de measte kâns op de 50 bonuspunten.
Dêrneist binne der noch 6 dielnimmers dy’t foar 5 reade kaarten gean.

Giele kaarten

Der binne hjir en dêr op it EK al aardich wat kaarten útdield.
Neffens ús telling 214, neffens Google 216 en neffens Eeltje Postma 212.
Yn elts gefal kinne al hiel wat dy 50 bonuspunten op de bük skriuwe.
Allinne Eeltje Postma (222) en Frans-Pyter Terpstra (215) binne noch yn de race foar de 50 punten.
Je meie der 5 kaarten neist sitte. Nei it EK sille wy fan de UEFA heare hoefolle as it der no wurklijk wienen.