Jan Stenekes skutter by SDS 4

SDS 1 seal wint fan Heerenveen
5 december 2002
SDS 5 spilers matennaaiers?
9 december 2002

SDS 4 wûn yn Frjentsjer  mei 0-3

It ferslach fan Ozzy:

De sneons nei Sinterklaes moasten wy nei Frjentsjer ta.

De Alde kloat hat ús “fjirde” ek net ferjitten, want hy skonk ús in pear spilers fan it tredde.

Pieter Lieuwe v/d Valk en Jan Stenekes diene mei ú mei.

En dat die fertuten, want it hurde wurkjen fan Pieter L en de

taktiske setten fan Jan S. levere ús trije punten op.

Mei fansels ek de ynset fan ús eigen fjirde, ballen wy in ein fuort.

Mei Evert Tanja op ‘e goal (hy wie net te passearen) kaemen wy krekt

foar de rêst op 1-0.

Jan S. skeat in frije traep mei in bôge yn’t krús.

Dat de selde Jan dat nei de rêst wer die wie foar ús it sein om him in kontrakt oan te bieden.

Ut namme  fan him sels betanke hy ús mei nog in goal.

In corner fan Pieter L kopte hy oerhurd yn ’t krús.

It wie dat de skeids nog yn’t paed rûn, oars hie de útslach nog grutter west.

Oan de ein nog in betankje oan Jan Keuning “ús rekkenwonder”,

Hy fertelde ús dat wy nei 3 x 3 punten efter elkoar no 9 der by hawwe, en dat wy no omheech sjen kinne, mar wy seagen altiid al omheech, om’t wy noch steeds benaud binne foar de stront fan Sibe de Seefûgel.