SDS 2 wint fan CVVO

Utslagen 6 septimber
6 september 2003
SDS C1
7 september 2003

SDS 2 hat sneon sjen litten dit seizoen mar ien doel te hawwen en dat is in priis helje. Wer SDS 2 foarich seizoen thús noch mei 6-1 de boat yngie tsjin CVVO, wisten sy no te winnen mei 3-1.

De wedstriid begûn pas om in oer as trije trochdat der gjin skiedsrjochter wie. Sipke Hiemstra fluite úteinliks de wedstriid. SDS kaam yn ‘e twadde helte op foarsprong troch in knappe goal fan Skelte Anema. In kertier foar tiid makke CVVO út in frije traap de lykmakker. SDS 2 sette op it lêst noch oan en woe de wedstriid perfoarst winne. It wie Pieter Kamstra dy’t in frije traap fan Jeroen Brouwer ynkoppe(hands?????) koe. Inkelde minuten foar tiid makke hy ek de 3-1. Folgende wike spilet SDS 2 tsjin Oeverzwaluwen yn Koudum.