SDS 2 wint derby

E4 wûn op 6 septimber
5 oktober 2003
SDS5 op 18 oktober nei Rottefalle
6 oktober 2003

SDS 2 hat ôfrûne sneon de wedstriid tsjin Bolswardia mei 5-1 wûn. De Boalserters koenen neat begjinne tsjin in sa no en dan flitsend spyljend SDS 2.

 

SDS 2 liet fanôf it begjin sjen better te wzen dan Bolswardia. Hjirút ûntstie al gau in grutte kâns foar Robert Sybesma. Dat Robert allinne foar de keeper miste seid eins wol genôch oer de fithyt fan Robert. Efkes letter wie it dan dochs 1-0 nei in flitsende oanfal. Willem Wijnia joech de bal yn ‘e hoeke op Jeroen Brouwer. Hy sette goed foar en Pieter Kamstra glide de 1-0 binnen. Nei sa’n heal oere waard it 2-0 troch goalgetter Harm Auke Dijkstra. Nei goed stoaren fan de Boalserter opbou krige hy de bal fan Willem en skode de 2-0 binnen. De wedstriid wie spile wie it net dat Bolswardia dochs noch op 2-1 kaam foar de rêst.

 

De twadde helte wie wer hielendal foar SDS. Keeper Marco Hoekstra hie dan ek lyk as yn ‘e
earste helte net folle te dwaan. It wie Willem dy ‘t de 3-1 makke en ús nije krêft Stefan van Krimpen dy ‘t, nei in goeie foarset fan Dennis Dykstra, de 4-1 makke. De moaiste fan ‘e wedstriid wie wol de lêste goal. Nei in korner fan Willem wie ´t Gerrit Hingst dy de bal krekt net goed ynkoppe koe. De bal kaam op ´e sechtjin-meterline en Jos Zonderland helle yn ien kear út. De keeper hie gjin kâns.

 

Der wiene noch giele kaarten foar Robert en Jos.

 

Dat de ploegen yn dizze klasse aardich oan mekoar weage binne bliket wol út CVVO-Nijlân. CVVO hat dit wûn, wylst SDS ferlern hat fan Nijlân en wûn fan CVVO. Der is dit seizoen dus noch fan alles mooglik.

Op de side fan SDS 2 kinne jimme de nije elftalfoto fine.