SDS 2 pakt belangryke punten

Utslaggen 1-11
1 november 2003
Wa makke de doelpunten op 1-11
1 november 2003

SDS 2 hat hjoed goeie saken dien foar de 1e perioade. Sy wûnen yn Warkum mei 0-2.

Yn in drege en hurde wedstriid wie it SDS wat lyk gefaarlik wie. Al nei 5 minuten skoorde Donny Okkema. Hy sjitte in korner der yn ien kear yn. Neidat Gerrit Hingst útfoel mei in ankelblessure kaam Pieter Kamstra der foar him yn. Pieter makke knap de 2-0 nei in goeie frije traap fan Frank Rypma. Workum waard sa no en dan gefaarlik mar Marten Faber stie goed te keepen.

De twadde helte wie it ienrjochtingsferkear richting de goal fan SDS. Dochs koe Workum de bal der net yn krije en bleaun it 2-0.

SDS 2 stiet no boppe-oan yn ‘e twadde klasse. At Flevo Boys net mei 5-0 of mear de ynhelwedstriid fan Oeverzwaluwen wint, dan hat SDS de 1e perioade. Dizze wedstriid wurdt jammer genôch noch lang net spile oansjoen Oeverzwaluwen noch yn ‘e beker sit.