Samar in dei

SDS D3 kampioen
15 november 2003
SDS 2 op tiid yn ‘e kantine
16 november 2003

Te gast op de Skoalleseize

 

15 novimber soe in grize dei wurde. Want Nederlân moast tsjin Skotlân fuotbalje en mei in koach oan it roer dy’t net in beslissing doart te nimmen en boppedat in dranknamme hat,  kin it neat wurde.

Om dy grize dei te bestriden naam ik it beslút om de dei troch te bringen op de Skoalleseize yn Easterein. Ik hie de Treffer lêzen by in goeie kunde en oan dat praat te sjen dan is it dêr net in deade boel.

En sjoch ik trof it. By it oankommen waard de flagge krekt hezen troch in jong útsjende man dy’t him Willem neamde. It gie him goed ôf.

Foar kertier oer njoggenen wie ik al tsjûge fan omkeaperij, wat ik fierder net oan  de grutte klok hingje sil, mar jim wol witte lit. De skiedsrjochter fan F2 waard 3 bierkes tasein by in goed rissultaat. It die my goed te sjen dat dy skiedsrjochter him der neat fan oan luts. It stie yn koarte tiid 0-6 foar de oaren. Noch krekt hearde ik dat it bod ferhege waard ta in krat. 20 minuten letter stie it 6-7. It wie mar goed dat it fjild frij moast foar oaren oars hie it echt oangien. Der wie noch in grutte oerwinning fan de F3 fan 15-0 en ik seach de B2 ûnderút gean tsjin YVC (0-1). Sportive jonges út Drylts seach ik wol en sa te sjen siet er in goeie kunde by fan Meinte Wesselius, want nei in “publykswiksel”socht hy “omke” Meinte gelyk op en skold him ferrot. No waard it my ek dúdlik werom de Dryltsers flypmantsjes neamd wurde.

Tusken de middei naam ik efkes in patatsje om by te kommen en ik kin jim sizze ik hie gelok. Want it die bliken dat alle D-ploegen kampioen waarden en dêrtroch trakteard waarden op patat. Ik hie fansels nea wer oan de buert kommen. Hoe’t it komt dat er safolle kampioenen wiene moat wat mei de kwaliteit fan de patat te meitsjen hawwe.

Ik seach ek ferlekkerde gesichten by SDS 2 en SDS 5, want ek sy meitsje kans op in kampioenskip mar moatte wierskynlik noch oant april wachtsje op de patat.

Ik seach earst SDS 3 gelyk spyljen en dêrnei soe ik SDS2 folgje. Ik waard trakteard op 10 minuten fuotbal en dêrnei in drama foar in spiler út Emmeloord. De sikenauto moast nei de middenstip ta om de jongfeint der wei te heljen mei in brutsen skonk.

SDS5 ,wat gelyk stiet oan hiele âlde fuotballers, mei hjir en dêr in jonkje der by, soargen no foar it amusemint troch my 4-1 fan Blija te winnen. It foel my op dat ien fan harren ûnder de wedstriid kommentaar joech.

In buoi jage my de kantine yn en ik koe noch efkes wat einstanden opnimme. SDS 4 ferliest mei 5-4 fan Res, De B-s winne, de A-s ferlieze en it flaggeskip SDS 1 wint de topper yn Dokkum.

Noch krekt foardat it 4 oere wie koe ik wer ôfreizje, want ik woe dizze moaie SDS dei net fergrieme litte troch Oranje. In goeie set die letter bliken. Ik kom ris wer.

 

Gjalt Gnizer