SDS wint Midwinter tournooi

SDS 2 oefent net en oar nijs
17 januari 2004
Earste fotos fan de kampioenen
17 januari 2004

It sealteam fan SDS, mei Feite, Jan Simon, Robert, Harm, Peter, Tsjipke en Willem hawwe it Midwinter fuotbaltoernooi yn it FEC  wûn. Mei 144 dielnimmers hat dit toernooi grut oansjen yn it Noarden fan it lân.

Nei de foarronde op tongersdei moast sneon earst spile wurde tsjin Zwaagwesteinde. Winst 3-0. Doelpunten Tsjipke, Robert, Robert.

De folgende ronde wie tsjin Heerenveen. 2-1 de winst fan 2-1 mocht er wêze. Doelpunten Robert en Tsjipke.

Yn de heale finale waard Avanti it slachtoffer fan de diedendrang fan SDS. It waard de wedstriid fan Feite. Hy skoorde twa kear en krige giel. Einstân waard 2-2 dus moasten strafskoppen de beslissing bringe.

Feite(al wer), Peter, Tsjipke, Willem, Robert Jan S, Feite (nochris)en Peter skoorden. Allinne Harm miste, mar dat wie net slim want Avanti miste twa kear.

De finale wie tsjin CommeCi Comme Ca. It waard bloedstollend. Foar de kamera’s fan Omrop Fryslân en mei help fan lûdroppende  en tige meilibjende SDS supporters dy’t in grutte getale oanwêzich wiene, waard in 0-2 stân goedmakke troch Feite (strafskop) en Tsjipke.

Strafskoppen as slotstik wiene der foar Feite, Peter, Robert en Tsjipke. Twa strafskoppen fan CC waarden keard troch de gewledige doelman fan SDS Jan Simon Jelsma.

Grut feest wie der yn it Fec foar elkenien dy’t SDS in goed hert tadraacht (en dat wiene der moai wat) en sneontejûn wie der in prachtich feest yn de kantine fan de sporthal. Bestjoerslid Tinus Hoekstra brocht op in sfearfolle wize de ploech de lokwinsken út namme fan it bestjoer. Dy snotbongels fan SDS hawwe  it geweldich dien. Mei it each op de tsjinstanner yn de finale wie de grutte hit:  Comment ca va, Comme ci, comme ci comme ca, wat neffens Tinus betsjut it kin frieze it kin taaie.

Ek foar de beide lieders Durk Okkema en Willem Overal in prachtich sukses. De hearenfolleyballers fan Covos dielden mei yn de feestfreugde omdat “gebrûk”makke waard fan “harren” kantine