Weppers freed 10-1-2020

SDS 1 op OFK

Justerjûn mocht SDS 1 oantrede op frijwol alle flierren dy’t mar beskikber binne yn de Trije. Hoe’t harren gie tusken al dat hin en wer reizgjen kinne jim hjir lêze.
Foar it ferslach stie de iene wepmaster yn it fjild , sieten  klupkikers Popko Wynia en Johan Delfsma op de tribune te appen en te twitterjen en soarge de oare wepmaster dat it gelyk op twitter en de wepside kaam.

SDS – VCR     0-1
Tsjin de lettere winner koe SDS net winne. Beide ien kans, mar de Rinsumageasters soargen dat sy wol skoorden.

’t Fean ’58 – SDS      0-2

De 0-1 kaam fan de foet fan Remco Hylkema en de 0-2  fan Skelte Anema.

SDS – Exstudiantes    2-1

In spannend potsje. SDS  op 1-0 troch al wer Remco Hylkema, de Grinzer studinten makken noch gelyk mar it wie hovenier Ewout de Boer dy’t yn de lêste sekonde de 2-1 oantekene.

sc Franeker – SDS    1-0

Yn dizze fjirde wedstriid wie krusiaal om it yn eigen hân te hâlden. It slagge net. It doel wie om de Frjentsjerters sa lang mooglik op 0-0 te hâlden en dan ta te slaan. Spitich genôch makke sc Franeker al gau de 1-0 en moast SDS fol op de oanfal tsjin de stugge ferdediging fan sc Franeker. Erik skeat noch in baltsje op de latte, mar miskien wie it wol mear mei tank oan Jaap dat it 1-0 bleaun.

Workum seal 1 – SDS

Workum kaam al gau mei 1-0 foar en mei noch 20 sekonden op de klok makke Willem 1-1 nei in knappe aksje fan Erik. Yn de lêste sekonde ferlear SDS allinnich mei 2-1 en wurdt it fjirde yn de poule. Bij winst wie der noch in kânske at de oare útslaggen goed wiene foar SDS, mar VCR wûn en sc Franeker wûn de lêste wedstriid ek.

VCR en sc Franeker meie sneon wer oantrede op de finaledei
Alle útslagen yn de poule en de einstân kinne jim hjir sjen

Finales OFK

Sneon is de finaleronde fan it OFK. It programma sjocht der sa út.

SDS 2 oefent sneon thús

Sneon om 14.30 oere op de Skoalleseize de oefenwedstriid fan SDS 2 – Scharnegoutum 2. De folgende spilers wurde tusken 13.30 en 13.45 oere op it sportpark ferwachte:
Sjoerd W, Robin, Lieuwe, Arjen, Dirk, Steven, Tjeerd, Jort, Elger, Bauke, Jesse, Ewout, Wietze, Wesley en Niels.

Jeugd yn de seal

De jeugd is moarn wer dwaande yn de seal en dat fynt plak yn de grutte stêd. Sjoch hjir.

Ut de âlde doaze

Wij binne drok dwaande mei krantestikjes oer SDS 1 yn it ferline. Dat net allinne yn Easterein/Wommels plakboeken bijholden waarden, docht bliken út in reaksje fan âld SDS 1 spiler Rients Smeding. Hij gie letter oer nei Renado. Syn skoanheit dy’t yn it earste spile fan VVI kaam ek mei kranteknipsels oansetten fan it seizoen 1978-1979 en dat fan wedstriden tsjin SDS 1

 

 

Harsens derby (2198)

Hatsikidee!!