Wepperkes -snein-
4 juni 2006Wepperkes -tiisdei-
6 juni 2006SDS 1 is freed te golfen west. Dit wie de measten tige nei ’t sin. It spultsje blike noch tige dreech te wêzen. Neffens de ferhalen hie Henk Postma it noch it snelst ûnder de knibbel.
Freedtejûn waard ek bekend makke wa ’t de winners wienen fan it spilers fan it jierklassemint. Der wienen 2 prizen. 1 priis foar degene dy ’t tidens it seizoen it meast weardefol west hat en 1 priis foar degene dy ’t de measte punten pakt hat op trainen. Winner fan it puntenklassemint waard Dirk-Yde Sjaarda. Tsjipke Okkema waard 2e en Feite de Haan 3e.
Meast weardefolle spiler waard Mark Postma.
Allegear fan herte lokwinske!
Hjir de foto’s fan it golfen mei tank oan Dirk de Jong:
It like by tiden wol aaisykjen.
Anne Stenekes sjocht de bal in ein fuort.
“Earst mutte wy alle ballen hewwe, earder kenne we niet naar hús”.
Gert-Jan hâldt it sicht op de hole.
Jelsma mist!
“Moat dat flagje der net earst út Ruurd?”
De glêzen wienen seker op.
Mark Postma is wiis mei syn priis.
Dirk-Yde Sjaard mei alwer in priis.
Hoe soe it him hjoed yn Frentsjer fergean?