Rekord op training

SDS 1 seal wint wer
4 september 2003
F2 en F3 sette kompetysje goed yn
6 september 2003

It trainen by SDS 3, 4 en 5 wurdt troch gemiddeld sa’n 10 oant 14 leafhawwers besocht. Sa is Sipke Hiemstra, de trainer altiten bliid at er 12 binne.

Dit jier liket it oars te gean. Neidat de earste en twadde kear der 16 trainingsbisten wiene, rûn Sipke sa grutsk as in pau rûn.

Dat wie tongersdei 4 septimber wol oars. Mar leafst 24 fuotballers kamen lâns foar in leuke training. Mei safolle minsken koe der in leuke partij (âld tsjin jong- âld wûn fansels) spile wurde op it grutte fjild. Dat slagge noch krekt in heal oere.

Dêrnei koe de groep splitst wurde foar beide trainingsfjilden. Wurch en foldien kamen de lêsten tsjin 10 oere ûnder de brûs wei.

Kin der nije wike ek in pear thús bliuwe?