Jûn iepening fernijd sportkompleks mei SDS 1 – SC Heerenveen O19

Weppers tiisdei 4-10
4 oktober 2016
It fernijde sportkompleks is iepene!
6 oktober 2016

logokunstgrassdsJûn is it dan safier!!
De iepening fan it fernijde sportkompleks de Skoalleseize.
It kompleks giet 18.15 oere iepen en de offisjele iepening is om 18.45 oere.
De wedstryd tusken SDS 1  en SC Heerenveen O19 op it nije keunstgersfjild begjint om 19.00 oere.
Om 18.45 oere is de offisjele iepening mei in wurdsje fan de foarsitter fan de Skoalleseize en boargemaster Liemburg.
De ôftraap om 19.00 oere sil dien wurde troch de boargemaster.
Kom allegear!

SDS 1sds-1-2016-2017

De seleksje fan SDS 1 sjocht der foar jûn sa út:
Gert-Jan Bootsma
Jacob-Klaas Haitsma
Hendrik de Jong
Bauke Dijkstra
Elger Turksma
Ewout de Boer
Teun Heeres
Wiebe Heeres
Tsjipke Klaas Okkema
Erik Haitsma
Remco Hijlkema
Pieter Sijtsma
Dirk-Yde Sjaarda
Marco Rijpkema
Jelmer Posthumus

Jaap Toering en Lourens van der Pol misse troch blessures.

SC Heerenveen ûnder de 19 jier

SC Heerenveen sil jûn komme mei jongens út dizze seleksje.

SC Heerenveen O19 spilet yn de Eredivisie O19. Yn de Eredivisie O19 sitte 14 klups. Dit binne meast jeugdteams fan Eredivisieklups.
SC Heerenveen O19 stiet dield 9e mei û.o. Feyenoord O19 en ien puntsje ûnder PSV O19.
Ajax O19 stiet boppe-oan.

Nei de wedstryd is eltsenien wolkom om de tredde helte te fieren yn de kantine!

Oant jûn!!

Keunstgers ûnfeilich?

Tafallich op de dei dat it fernijde sportkompleks ynklusyf it nije keunstgersfjild iepene wurde sil leit it keunstgers ûnder fjoer en komt Zembla jûn mei in útstjoering oer dat keunstgers mooglik net feilich wêze soe.

Sjoch foar de reaksje fan de KNVB hjir op.
De Skoalleseize komt moarn nei de útstjoering en alle oare drokte mei in reaksje.