It fernijde sportkompleks is iepene!

Jûn iepening fernijd sportkompleks mei SDS 1 – SC Heerenveen O19
5 oktober 2016
SDS-League: ‘Jelsmanian Devils’ pakt wykpriis!
6 oktober 2016
oftraap-boargemaster

Foto: Henk Bootsma

Justerjûn waard it fernijde sportkompleks de Skoalleseize feestelijk weriepene. De foarsitter fan de Skoalleseize, Marrie Eringa hjitte om 18.45 oere eltsenien wolkom en om 19.00 oere mocht boargemaster Liemburg nei har praatsje de ôftraap dwaan by de oefenwedstryd SDS 1 – SC Heerenveen O19.
It wie drok op sportpark de Skoalleseize en wy seagen allinnich mar bliere gesichten. Wat hawwe wy dit mei syn allen moai foarinoar krigen!
It waard úteinlik in alderaardichste wedstryd wêr al gau bliken die dat SC Heerenveen O19 in maatsje te grut wie foar SDS 1. It keunstgersfjild spile dêrby de jongens fan SC Heerenveen ek noch yn de kaart, want sy koenen hjirop tige goed út de fuotten. It wol ús dan hast ek net misse dat inkelde jongens (ûnthâld Zohair Labyad!) út dizze seleksje ynkoarten yn it betelle fuotbal belâne.
It waard úteinlik 8-1 foar de Feansters. Jelmer Posthumus makke de SDS-goal inkelde minuten foar tiid út in penalty. Nei de wedstryd stroomde de kantine fol en waard der noch in skoft neipraten oer de wedstryd en wat al net mear 😉
Alle lju dy ’t holpen hawwe mei de wurksumheden oan it fernije sportkompleks binne wolkom op de frijwilligersjûn fan de Skoalleseize op freed 14 oktober.