SDS 1 is Kampioen!!

Opstelling SDS 1
5 mei 2004
Wepperkes -tongersdei-
6 mei 2004

SDS 1 is fannejûn kampioen wurden yn ‘e 3e Klasse B. Yn ‘e beslissingswedstriid tsjin Be Quick Dokkum wienen sy dúdlik de bettere en wûnen sy mei 3-0.

It begjin wie foar Be Quick mar foar de rest wie SDS dúdlik better. Nei sa ’n 20 minuten makke Hendrik de Jong de 1-0. Dirk-Yde gie goed troch mei syn aksje yn ‘e 16 meter(hy naam de bal mei de hân mei) en skeat op ‘e latte. Hendrik wie der fansels as de kipen by en skoorde koppend de 1-0. It wie Dirk-Yde dy sels de 2-0 makke. De bal waard sa’n 5 minuten nei de 1-0 yngoait op de holle fan Dirk-Yde. Hy kopte de bal troch en seach tot syn eigen ferrassing dat de bal efter de keeper foel, 2-0. Be Quick joech wol wat druk foar de rêst, mar koe gjin kâns kreëre.

De twadde helte waard net mear spannend. Harm gie nei 5 minuten goed troch op de efterline en sette de bal perfekt foar op Hendrik. Dizze knikte de bal strak tsjin de touen en de wedstriid wie spile. Ien kear waard Be Quick noch gefaarlik. Út in frije traap kaam de bal fia Broer Wiebe op ‘e peal. Dernei wie it dien. Foar it massaal opkommen publyk wie it wachtsjen op it einsinjaal. Hjirnei kaam fansels de ûntlading.

SDS waard terjochte kampioen. Jimme kinne hjir alfêst wat foto’s besjen. Moarn komme der noch folle mear. No earst nei de kantine!!


SDS 1 is Kampioen!!

Gert Jan yn petear mei Geert van Tuinen fan Omrop Fryslân.

It fjoerwurk koe oanstutsen wurde nei de wedstriid (foar de wedstriid lei it noch yn ‘e auto.

De felisitaasjes wurde yn ontfangst nommen!

Noch mear felisitaasjes.

It kin jûn noch wolris let wurde.

P.s. Moarn mear!!!