Spannende striid op topskoorderslist
16 maart 2003SDS 1 hellet prima oerwinning
22 maart 2003Op sneon 8 maart begûn SDS it ferfolch fan de kompetysje mei in falske start. Yn Koudum waard fan de Oeverzwaluwen ferlern en dêr hie men yn Easterein goed de pest oer yn.
15 maart moast it mooglik wêze om de trije punten yn Easterein te hâlden want hikkeslúter Nagele kaam op besite.
It waard in 4-1 oerwinning en dat soe genôch sizze moatte, mar dochs siet er wol in ferhaal by.
Nagele wist nei 2 minuten al te skoren út in kluts sitewaasje mar it hold wol yn dat SDS efter de feiten oanrûn.
It wie ek net maklik fuotbaljen op it hobbelige droege fjild.
Dochs dwong SDS kansen ôf. Neidat Robert Sybesma krekt neist sketten hie, wist Wichard Deinum fan sa’n 20 meter wol prima yn te sjitten.
SDS bleau in oerwicht hâlden en de A-junior Tjipke Klaas Okkema kaam nei in matich begjin hieltyd better yn de wedstriid.
Nei de thee liet hy dat blike. Nei in prima aksje fan Jan Simon Jelsma en it ôfspyljen fan Robert Sybesma skoorde hy syn earste doelpunt yn de haadmacht.
Yn de 65 ste minút waard it ek noch 3-1 troch de kluptopskoorder Robert Sybesma.
Hjirnei like SDS it wol wat te leauwen en Nagele hie in oantal prima kansen, mar doelman Egbert Bootsma wist ûnheil te foarkommen.
Mei Jos Zonderland foar de net hielendal fitte Floris Hiemstra en de supersub Dennis Dijkstra foar Hindrik de Jong hoopte trainer Kees Jansen op nije krêften. Dat slagge hielendal.
Foar Dennis Dijkstra kaam der noch in moai momint. Nei in oantal sukselfolle optredens yn de oefenwedstriden skoorde hy no it 4de doelpunt fan de dei.
SDS wint mei 4-1 en kin him opmeitsje foar de folgende striid tsjin SVM yn Marknesse.