SDS 1 goed útgongspunt foar return.

Lêste wedstriid en ferslach fan Ozzy
17 mei 2003
OZZY R.I.P.
19 mei 2003

SDS 1 hat sneon in goed rissultaat delsetten tsjin Marum. In winstparty fan 3-0 moat genôch wêze om de return te oerlibjen.

Marum wie net seker yn de earste helte net minder en krige ek de earste goeie kâns. Marco Reynhoudt, dy ’t licht blesseare oan ‘e wedstriid begie, koe mar krekt de 0-1 foarkomme. Harm Stremler koe foar SDS, nei in goeie aksje en in droeg skot, wol de 1-0 meitsje efkes letter. SDS koe yn ‘e earste helte sels de wedstriid al beslisse. Twa kear kaam Hindrik de Jong allinne op ‘e keeper ôf, mar beide kearen sjitte der de bal neist.

Yn de twadde helte makke Hindrik de Jong al gau de 2-0 nei in goeie stekbal fan Floris Hiemstra. SDS kaam noch ien kear goed fuort doe de skiedsrjochter in penalty jaan koe nei in lichte oertreding fan Floris yn it strafskopgebied. Hy die dit net en SDS kaam net mear yn gefaar. Hindrik de Jong makke noch de 3-0 en makke hjirmei syn miste kansen yn ‘e earste helte mear dan goed en jout hjirmei SDS goeie kansen om de 2e ronde fan de neikompetysje te heljen.

Der wiene giele printen foar Jan Simon Jelsma, en Tsjeard Halbersma.

Kommende tiisdei is de weromwedstriid yn Marum. It begjint 7 oere.

Floris Hiemstra docht dan net mei, hy is de kommende twa wedstriden skorst.

Oare útslagen neikompetysje 3e klasse:
Balk – Trynwâldster Boys 0-1
Bûtenpost – CVVO 1-2