Lêste wedstriid en ferslach fan Ozzy

Doelpuntenmakkers
17 mei 2003
SDS 1 goed útgongspunt foar return.
17 mei 2003

Mei it stopjen fan Hednrik Eringa as aktyf fuotballer, giet ek in grut skriuwer ferlern. Syn lêste stikje. En dizze kear pleatse wy it sa’t hy it skreaun hat.

 

The Ozzman retires.
 
Op Sneon 17 maaie moasten wy nei Tzumarrum foar us leste wedstriid fan it seizoen.
It wie de ofskiedswedstriid fan “Ozzy”.
As jo yn 18 jier noait oanfierder west binne en de ploeggenoaten de “ban” oan ‘e keeper jouwe docht jo dat wol wat.
It wie in mooi begjin fan ‘e leste wedstriid.
Under lieding fan in goeie skeids kaemen wy op 1-0 efter.
Mar mei in ferdiedeging mei Ido ut de A’s, Klaas ut it 5e,en us eigen Rudy en Tsjolling bliuwn dit yn ‘e earste helte hun ienige goal.
Op it midden spielen us Evert, Pieter ut it 3e, Jeroen ut it 2e en Aant ut it 5e(Ik wie bly dat hy der by wie)
Foar yn spielen Us Bas en Gerard ut de A’s.
It waerd 1-1 troch in goal fan Gerard ut in foarset fan Jeroen.
It waerd 1-2 troch Pieter troch in foarset fan Gerard.
“en toen was er thee”
De tredde goal wie in plaetsje, want Jeroen skeat de bol op maet foar it hok en Ids ut it 5e kopte it lear yn it krus.
Nei de 2-3 makken Pieter en Jeroen der nog 3-5 fan en skeat Ivo nog in bal fan us line, En der wie it mei sein.
Oh ja Die Tsjolling wie wol ferskuorrende goed, Wer’t hy de lucht wei hat?.
Hy sleurde fan it iene ein nei it oare ein.
En ek nog oh ja, De mannen fan it 2e en 3e koene it by us ek wol oan.
Under lieding fan in bierke waerd dizze wedstriid goed ofsletten.
Hjir mei kaem in ein oan “myn carriere sunder al te folle hichtepunten, en as die der wol wiene sille die wol yn’e kantine west wezze.
As soe it sa wezze as de echte Ozzy, die’t ek steeds wer werom kaem mei syn concerten en syn leste tour ” de Retirement sucks tour” neamde.
Om of te sluten mei de wurden fan Jim Morrison dan de Doors:
 
This is the End.