OZZY R.I.P.

SDS 1 goed útgongspunt foar return.
17 mei 2003
Tsjeard Halbersma takem jier der net mear by
19 mei 2003

Sa at jimme witte hat Ozzy definityf syn skuon yn ‘e krystbeam hong en sjoche wy him foarearst net werom. Hy leauwt namlik net yn ‘e krystman. Hy is begien mei in sliepke yn ferbân mei foarjierswurrichens, mar sa te sjen sil hy der wol in fikse wintersliep oan fêst plakke. Oansjoen hy net sliepwandelje kin, wurdt it fuotbaljen dan ek neat mear. Hooplik sjogge wy him nochris werom yn ‘e kantine of yn ‘e Treffer. Dan moat hy de sliep al goed úthawwe fansels!!