SDS 1 ferliest fan Workum

Blommen foar de kampioenen
21 januari 2004
Oefenwedstriid SDS 2
23 januari 2004

SDS 1 hat juster yn ‘e Greidhoeke mei 4-2 ferlern fan Workum. By rêst wie it noch 1-1.

Workum fuotballe sterk en wie dúdlik kommen om te winnen. Dochs wie it Skelte dy de 1-0 makke. Al gau waard it wer 1-1. Nei de rêst makke Robert knap 2-1 nei in knappe oanfal. SDS sette oan en gie op syk nei de 3-1. Dizze foel mar net. Workum makke sels inkelde minuten foar tiid de 2-2. SDS gie op syk nei de winnende goal, mar nei slordig balferlies wie it Workum dy ’t oan it langste ein luts. De 4-2 wie foar de statistyken.

Folgende wike hat SDS frij. In wike letter spilet SDS thús tsjin Espel.

WZS kin dizze wike net trije punten ynrinne want hun wedstriid tsjin Genemuiden is ôflast.