Wepperkes sneon

Utslaggen 10 april
10 april 2004
SDS 1 bliuwt yn ‘e race.
11 april 2004

Durk de Jong

A-1 spiler Durk de Jong wie de grutte pechfûgel fan sneon 10 april. Yn de wedstriid tsjin LSC  ferdraaide hy syn knibbel sa raar dat er freesd waard foar in skuorde krusbannen. In ambulance moast er oan te pas komme om him nei it sikenhús te bringen.

Durk is ûnderwilens wer thús en “it liket wat mei te fallen”. Wy winskje Durk in protte sterkte mei dizze tsjinfaller.

Clarence-sluier-trofee

It docht no al bliken dat er in fûl striden wurdt om de nije trofee. Jelle de Boer koe amper in wike genietsje fan de sluier, want Bas de Haan oars aardich skotfeardich miste fanôf 11 meter. Hy wie wol sa sportyf om de sluier efkes te dragen.

Sjoch foar it komplete klassemint ûnder de rubryk senioren.

Doelpuntenmakkers

Der waard dizze sneon 15 kear skoord troch de seniorenalvetallen. Opmerklik wie dat alle seniorenalvetallen wûnen. Henk Postma, Ivo Donath en Bas de Haan wiene twa kear doeltreffend. By senioren de komplete list.

Peaskemoandei

Se dogge it der om. Ofsizze at se tsjin SDS5 fuotbalje moatte. Seker at Ype Tiemersma wer in kear meidwaan kin. Peaskemoandei soe it wêze tsjin Noordburgum, de neiste konkurrint. Sneontemiddei bellen se op: wy komme moandei net want der binne te min minsken. Of sjogge se it net mear sitten??? Foar Ype wol hiel ferfelend, want de wedstriid is no op tongersdei 15 april fêststeld. Dan is it Fryske befrijingsdei en keapjûn yn Snits. En dat lêste liket my foar Ype wer in probleem. DE âldsjes fan SDS 5 kinne moandei ek nei (law)aaipop