Samar in sneon

Utslaggen 24 april
24 april 2004
Fotos SDS1-Be Quick1
24 april 2004

Op 24 april 2004 barde der wer fan alles by SDS.

v     Der wiene 22 wedstriden, wêrfan 10 wûn, 3 gelyk en 9 ferlern.

v     By de senioren wiene der yn 5 wedstriden mar 7 doelpunten

v     Gert Jan Hiemstra makke syn debut as skiedsrjochter by F2

v     Be Quick Dokkum kaam lâns mei 3 bussen en dus in protte folk

v     Omrop Fryslân wie live oanwêzich by SDS 1

v     Redmar Strikwerda by B1 3 doelpunten makke yn noch gjin 15 minuten

v     SDS5 skoorde foar de earste kear dit jier net, mar wûn dochs mei 0-1

v     Der waarden gjin strafskoppen mist

v     SDS 3 koe krekt net winne fan Frjentsjer en hat it kampioenskip net mear yn eigen hân

v     A 1 ferliest helaas fan Hurdegaryp en sil no winne moatte fan de Jouwer om der yn te bliuwen

v     F2 wint al wer en sil nei alle wierskynlikheid kampioen wurde

v     F5 hellet de grutste oerwinning mei 0-10 tsjin Bolswardia

v     Hendrik de Jong bringt syn seizoentotaal op 13

v     Daan Boersma flagge in prima wedstriid.

v     Der wie in tige sfearfolle ambiaansje kreeard troch mei namme de Dokkumers

v     De letters op it reklame boerd fan American Base binne skansearre troch dy selde Dokkumers.

v     It fet wie wol gauris leech

v     De prizen fan de lêste ferlotting foelen allegear oan ien tafel

v     Skiedsrjochter Kraak joech nei 7 minuten al in reade kaart oan Gert Jan Hiemstra: in rekord?

 

en Anne Brouwer hie it as striker folle drokker as troch de wike.