Roke

Nije lieder A1
2 december 2003
SDS League: Twa nije koprinners.
3 december 2003

It is wat mei it roken.

Oeral wurdt it ferbean.

De KNVB is no dwaande mei in ûndersyk foar in rookfrije tribune.

It sil net lang mear duorje dan komt dizze apekoal ek nei Easterein ta.

Ik tink dat de skiedsrjochter foar de wedstriid bepalen giet om hokker side de rookfrije romte is. Dat is fansels ôfhinklik fan de wyn. Want de fuotballers moatte fansels wol  in rookfrij spylfjild hawwe.

 

Grutte kans  dat Willem II de namme feroarje moat, wy de údrukking “do bist de sigaar”of ”it ha der tabak fan” net mear brûke meie,  sadat wy wat letter de piip útgeane.