Prachtige bekerwinst D1

Bekerstriid
22 november 2003
In klotske op de holle
23 november 2003

22-11-2003 SDS – Broekster Boys 6-3

Hjoed moasten wy spylje tsjin Broekster Boys die yn de kompetysje 1e klas spilet. Harren trainer wie stie foarige wike oan it fjild yn Easterein om D1 te besjen. Hy koe net folle meitsje fan dizze wedstriid wie net ien fan ús beste. Wy mochten om it minne waar net op it haadfjild komme en de trainingsfjilden stienen ûnder wetter. Op in lyts droech stikje efter de sporthal koenen wy noch wol wat dwaan. Dochs krigen wy tastimming om de wedstriid te spyljen op it haadfjild. Tige tank en sjoen de wedstriid en it resultaat wol terjochte. Ek tige tank oan de teams die ôflast wienen, sadat dizze bekerwedstriid troch gean koe. De taktyk wie goed úttocht en begrepen troch de spilers. We begonnen fel en spielen best. De Boys kamen hast net op ús helte. De kânsen wienen foar ús. Doe Jacob foar de 2e kear yn de eagen fan de keeper seach, skoarde hy de 1-0. Efkes foar rêst wie it Doede die mei in prachtige beweging syn man passearre en in wrâldgoal makke. Rêst sei de goed liedende skiedsrjochter Strikwerda. Yn de twadde helte probearje De Boys wat mear te kombinearen en komme faker yn ús strafskopgebiet. Mar wy komme eltse kear wer flot út ús ferdigening en nei in foarset fan Andries tikket Doede de 3-0 binnen. De Boys krije ek wer in tikje. In foarset fan Doede wurd prachtich ynkopt troch Jacob en we steane op 4-0. It rint goed. Yn de oanfal goede gearwurking op rjochts tusken Jarco, Jacob en Doede en lofts tusken Elger, Wytse en Andries. EK de oanfoer út de ferdigening is goed. It stiet as in hús mei in goed spyljende Anton rjochts, in wer felle Christiaan op lofts en sintraal Ludze by de spits en Jort kontrolearjend efter. Thor as slútpost spile goed mei. Dan sette de Boys mear druk en it wurd 4-1, 4-2 en 4-3. Is spul is wat fuort, panyktrapen en ûnrêst. Dan komme we dochs in pear kear fan eigen helte en twa útfallen binne twa goals fan Andries en Doede. Rutmer foel yn foar Elger en naam dat goed oer. Eddy wie ynfallen foar Doede, hie wat muoite mei it snelle spul mar wurke wol hurd.

Tiid en winst! In moaie prestaasje fan de jonges. De Boys ha miskien in kertier sjen litten wat se echt kinne. Harren trainer en guon spilers ek seinen dat se noch nea san minne earste helte spilen en in goeie spiler misten. Mar dochs is it dan ús kwaliteit om der hiel goed gebrûk fan te meitsjen. Sa “unsere Berti” seit, it wie dochs 6-3?