Bekerstriid

Utslaggen 22-11-2003
22 november 2003
Prachtige bekerwinst D1
23 november 2003

Op sneon 22 novimber wie der in echte bekerstriid yn Easterein. SDS 1 moast oantrede tsjin Dio Oosterwolde en SDS 2 hie Kollum 2 op besite.

Foar immen dy’t beide wedstriden sjen wol, wie dit fansels in rampdei. Steane je lofts te sjen en je hearre se rjochts razen dan sjogge je wol om, mar witte je dat je te let binne. SDS 1 is it flaggeskip dus dêr giet de measte oandacht wol nei út. Ek Omrop Fryslân wie oanwêzich. Mar dy Kollumer supporters ropten en raasden sa bot dat je al dochs wol striid hiene om oer te stappen.

De wedstriden joegen dêr ek oanlieding ta. SDS moast al gau konstateare dat Dio better en makliker spile en dat it it nei sa’n 20 minuten 0-2 waard, wie in logysk gefolch. In ferkearde te lange breedtebal, in glêd fjild en wat in ûngelokkige aksje wiene dêr debet oan.

Yn dy earste 20 minuten hie SDS 2 it wol dreech te hearen oan de Kollumers. Manmachtich wiene se nei Easterein reizge om harren helden oan te moedigjen. SDS 2 rekke in kear de latte mar de Eastereinders supporters binne wat stiller at it giet om emoasje, dat koene je dus net echt heare.

SDS 1 krige noch wol twa kansen yn de earste helte, mar Harm stuite op de doelman en Marco kopte oer. Oan de oare kant moast Broer Wiebe twa kear goed optrede.

Nei de kofje (foar my) en de thee (foar de 44 akteurs) sochten hieltyd mear minsken de striid tusken SDS 2 en Kollum 2 op. Want fuotbal is foaral leuk at er spanning is.

By SDS 1 hiene Wichard en Harm it fjild romme foar Tsjipke Klaas en Jan Simon.

SDS 1 besocht it noch wol mar myn gefoel dat it slagje soe rekke fuort nei in lyts kertier en dêrom teach ik nei SDS 2 ta. In goeie kar die bliken. In spannende striid ûnder lieding fan de rêstige, mei klots útrusten skiedsrjochter. Kansen foar Kollum, mar Marten Faber liet sjen dat hy der oan komt en prima kansen foar SDS. Foar iepen doel misten ûnder oaren Syb Overal en Harm Auke Dijkstra. In wedstriid dy’t gelokkich foar it publuk yn 0-0 einige want in strafskoppensearje foar sa folle publyk is fansels prachtich.

Jan van Asselt moast hast prate as Brugman om 5 spilers te finen dy’t de ferantwurdlikheid oandoarden.

De strafskoppensearje waard in thriller.

Auke Hiemstra mist as ienige (it wie gelokkich foar Auke hast te tsjuster om it fêst te lizzen) en Marten Faber wist ien strafskop te kearen sadat it om en om wurde moat.

Donny Okkema is de earste dy’t skoort en Marten dwingt de earst folgende Kollumer ta heech oersjitten.

SDS 2 giet fierder yn dizze bekerstriid wylst it by SDS 1 noch 0-4 wurden wie.

Ek D-1 sit noch yn de bekerstriid want sy wûnen mei 6-3 fan Broekster Boys.