Pinksterdagen weppers

Frijwilligersjûn
19 mei 2013
Weppers tiisdei 21-5
20 mei 2013

Tiisdei wedstriden

21-5

19:00

SDS C1

 J Vl Bolsward C1

21-5

19:00 Harlingen/Robur C1 SDS C2

Skiedsrjochter!!!!!
Sneon stiene der nije pupillen skiedsrjochters te fluitsjen. Fenna en Nynke Hoekstra fluitsjen harren earste wedstryd en diene dat oant grutte tefredenens fan elkenien en mei in soad wille. Fierder fluitsjen Wiebe Heeres en Laurens vd Pol om 9 oere, al wie it net har earste wedstryd dy hja fluiten, se dienen it prima. Ek stienen de cracks Epke Boschma en Remco Hylkema wer âlderwetsk harren mantsje. Litte wy ek de oare skiedsrjochters fan sneon net ferjitte. Auke Eringa fluite de C1, André Vink de MC1 en Stoffel Bouma it 4de. Elkenien betanke foar har ynset!
Foar de kommende wiken gean wer in oantal pupillen skiedsrjochters har debút meitsjen, litte wy harren efkes neame: Matthijs Postma en Inne Heerma fluitsje beide 1 helte fan in wedstryd. Fierder sille Yward Zijlstra, Gerwin Sijbesma, Evelien Hiemstra en Lysanne Wiersma foar it earst in wedstrydsje fluitsje.
Friso Albada

MC1 op foto’s
Justermiddei spile SDS MC1 tsjin Foarút MC1. Wij krigen fan Gosling de Vos fotografie in moaie fotoreportaazje dy’t jim
hjir sjen kinne.

Bijtekene
Let wol, neffens lieder Harm Auke Dijkstra hat de beste
assistent skiedsrjochter fan SDS bijtekene. Dêr binne se hiel bliid mei want dan is der net folle geseik tidens de wedstriden. 

Wedstriidferslaggen
Utslaggen en wedstriidferslaggen fan sneon kinne jim
hjir noch in kear besjen.

Moaie útslach
Der wiene juster ferskillende SDS’ers nei Burgum om BCV – Leeuwarder Zwaluwen te sjen. De winner wie de kampioen. Ta grutte tefredenheid fan hast elkenien útsein wat Ljouwerters waard BCV kampioen. Dat kaam mei troch it arrogante toantsje dat Mark Kleefstra hantearde yn in interfjoe yn de LC ferline tongersdei. No yn de neikompetysje der noch út en dat moat hij takem jier wer nei al dy “waardeloaze klupkes” dy’t der neat fan kinne.

Neikompetysje
Neist Leeuwarder Zwaluwen dogge VVI en Kollum ek mei oan de neikompetysje. Se nimme it earst op tsjin perioadekampioen fan 2J.

Paul
Paul Walstra is 40 wurden. Fan herte lokwinske fansels. De froulju fan Vr2 kamen ek efkes lâns. Sjoch
hjir

Keatse
Moandei is it Nederlânsk Kampioenskip keatsen yn Frjentsjer. Wij winskje de SDS-ers dy’t meidogge in soad sukses. Wij binne dit jier wer net selektearre.

Fytse
Moandei is der in moglikheid om nei alle Fryske stêden te fytsen. It liket wol of kin dat mar ien dei yn it jier. Dêrom dogge der moandei sa’n 15.000 mei. Allegear in soad sukses. Wij moatte der sels net oan tinke.

Skotse rok
Sneon spile Scrum en NNB yn de feesttinte tichtbij Easterein. De webmaster dy’t it beste hollebatse kin mei it burd wie der ek efkes en seach ta syn grutte ferrassing ien fan de SDS 4 spilers op it poadium mei in Skotse rock oan. Sjoch marris yn 
dizze foto en dan kin it net misse (syn heit heit Tamme, dy wie der ek mar dy hie gjin rok oan).

Harsens derby(1031)
Mar goed dat Zlatan ôfrûne sneon noch efkes by METZ-Style west hat, oars wie der syn sturt no kwyt west……