PC-, WK- en oare weppers

Weppers moandei 27-7
26 juli 2009
Nei de PC weppers
30 juli 2009

Sukses
Feiko, Jelte-Pieter, Erik, Dirk-Yde, Gerrit en Jacob-Klaas in protte sukses tawinske
op de 156ste PC. Meitsje der in moaie dei fan!
SDS is grutsk op jimme.
It bestjoer fan SDS

Hoefolle earsten?

Wij freegje de kenners en de net-kenners om foar woansdeitemoarn 8.00 oere oan te jaan hoefolle earsten Feiko, Jelte Pieter, Dirk Yde, Erik, Jacob Klaas en Gerrit bij elkoar keatse. En mei twa man yn ien partoer en in oerwinning kin it lekker oantelle. 
Mail ús it totaal oantal earsten. Wij jouwe sels mar efkes de foarset en der binne al oaren dy ‘t ek regeard hawwe.

Aant Hofstra 52
Willem Wijnia 56
Minne Bonnema 18
Ynze Jorritsma 28
Johan Delfsma  67
Jaap Toering  54
Sjoerd van Beem  35
Jan en Immie Kamstra 35
Hammie Westra        24
Pieter Kamstra  31 
Teade de Boer (krijt troch fan Jomanda)  47
Dirk de Jong  34 
Jan-Rinse Blanksma  27 


Wa wint de PC?
Jim kinne hjir jim stim jilde litte. Sjoch hjir foar de list.

De sinnebril
Der is yn alle gefallen ien dy’t hopet dat de sinne moarn net skynt salang it Sint Jabikster partoer der oan is. Sjoch
hjir.

WK
Justerjûn wie der wer in WK. Der binne no noch 2 te gean. Moarn is der neat, mar tongersdei sil der om 19.30 wer bolle wurde op it skopfjild fan Wommels.

WK 28 july 2009
It wienen wat humide omstandigheden, it die suver wat tropysk oanfielen. Foardiel hjir fan wie wol dat it fjild der perfekt bij lei sadat der in moaie pot foutbal plak koe fine.
Wat foel der dizze edysje fan it WK op?
– Debút fan Remco Berry en Redmer Strikky
– Jelmer hat sportyf revanche naam op it foargeande WK ferslach
– Tikkie terug Jaap klassement hat wanskiklik as winner Hendrik E.
– Hendrik de J. bikkelhurd yn de duels
– PC en WK geane net hân yn hân
– Mark hie in oertreding nedich om de winnende goal te foarseren
– Willem beame foargeande
– Henk P. kânsleas foar leech goal
– GEAN NO RIS ÛT DAT GOAL SERVET
– Eeltsje wie wat hEaltsje mar sprong dit kear wol 2 filtsjes heech…………..
– It is wer “ham and eggs

Team Gekleurd
Mark
Remco
Jildert
Servet
Redmer
Jelmer
Sietse K.

Team Wyt
Bad man Berry
Henk P.
Hendrik de J.
Hendrik E.
Eeltje
Willem

It wiene ûneven teams, wat uteraard mei-ien sichtbar waar yn it spul. Desondanks waar der dôchs in spannende pot op de matte lein.
Team gekleurd kaam al flot op foarsprong troch ûnder oare trije eigen goals fan Team Wyt.(Henkie,Henki en Henk) Nei wat ynspirearjende wurden
fan Berry en Eeltje(de bear is los!) sette Team Wyt de efterfolging yn wat ûteinliks resultearje yn in stân fan 8-8.
Tiid foar de winnende goal! Wat wol falt te merken op it WK is dat dizze steeds mear yn it teken komt fan de winnende goal. Sa kinne der bepaalde minsken mei
san winnende goal dôchs in stapke ekstra dwaan, sels nei san slopend duel as juster. Team gekleurd sette Team Wyt knap ûnder druk mei de winnende goal, en ûnder druk gebeure soms de raarste dingen. Sa kinne minsken byfoarbyld simpele dingen as “net troch it midden útferdedigje” ferjitte. Mark wist troch foarnamelik fysyk geweld de bal fan in, dúdlik oanslein, ferdediger te feroaferje om sa ferfolgens de assist ôf te jaan oan gjin ien minder as Jelmer. Jelmer rûkte syn kâns en skeat te bal knap yn wêrnei hij dit ek efkes dúdlik  wist te melden bij ûndergetekende.
Mei noch twa WK’s foar de boech kin ik no al mei sekerheid stelle dat ik no al útsjoch nei folgende jier. Kommende tongersdei is der wer in WK rûn in oer as 19:30 op it skopfjild
fan Wommels.
Namens it WK-Bestjoer,
Alg. Stat. Dir. H.K. Engbrenghof

Fuotbalster
Anouk Delfsma is no al hielendal gek fan SC Heerenveen en wurdt yn de takomst fansels fuotbalster by SDS. Ôfrûne snein mocht sy mei har grutte favoryt Bak-Nielsen op de foto:


Streaker
It fuotbalseizoen is noch net iens oan ‘e gong en no is yn Ingelân alwer de earste streaker te sjen west. De befeiliging wie seker noch op fakansje:


Nijs?
Mail it nei
info@vv-sds.nl!