Nei de PC weppers

PC-, WK- en oare weppers
27 juli 2009
Weppers freed 31-7
30 juli 2009

Super
Wij as SDS-ers hawwe juster mei grut genoegen sjoen nei de geweldige prestaasjes fan Dirk Yde Sjaarda en Erik Haitsma. Sij hellen de finale en dat wie dochs wol wat in ferrassing. Fan herte lokwinske mannen!


De bliidskip is grut at Dirk Yde, Erik Haitsma en Tsjibbe Hansme de  heale finale winne.


En ek al ferlieze je de finale, je komme hannen te koart om alle lokwinsken yn ûnfangst te nimmen.

 
en de parse dy miene altyd dat se earst oan beurt binne


en dan sjocht heit Sjaarda grutsk ta en wachtet rêstich op syn beurt


om Dirk Yde ek te lokwinskjen.

Oanfiterpriis

Feiko Broersma liet juster mei syn maten sjen dat sij yn de takomst mooglikheden hawwe. Fan de PC kommisje krigen sij dan ek de oanfiterpriis.

PC kenner (1)
De SDS keatsers hawwe it juster poerbêst dien. Meielkoar hiene se oan de finale ta al 50 earsten bijelkoar slein. Fraach wie doe: hoefolle earsten helje se yn de finale. At it 1 west hie dan wie ien fan de wepmasters de winner fan ús poultsje, hiene se 3 earsten helle dan wie de oare wepmaster winner. Mar bij twa earsten kinne wij  Jaap Toering útroppe ta beste PC kenner fan SDS.

PC kenner (2)
SDS’ers blike wol aardich ferstân fan keatsen te hawwen. Út ús poll fan tiisdei docht bliken dat 50% tocht dat Gert-Anne van der Bos c.s. de PC winne soenen. Dêrnei hienen Dirk-Yde en dy de measte kâns (klik hjir).

WK
Jûn om 19.30 sil der wer in WK plakfine op it skopfjild fan Wommels.

Harsens derby (59)
De skiedsrjochter falt en eltsenien bekommert him om him. Der is úteinlik mar ien dy ’t de harsens derby hâldt: