Ozzy speaks der skande fan

Arnold Hoekstra 5000e besiker!!!
8 april 2003
SDS nijs
9 april 2003

Mulier 3 – SDS 4

It wie in draak fan in wedstriid. SDS 4 spile net goed en twong dêrtroch neat ôf.

Yn de earste helft waarden in stik as 4 dikke kânsen mist. Mulier koe der in pear spjeldeprikken tsjinoer stelle, dy’t ús stand-in keeper/lieder Evert Tanja net it swit útbrekke lieten. Nei de té sette SDS wat better út ein en dat leverde nei sa’s 10 minuten in goal op fan Jan Keuning. Mulier besocht noch gelyk te meitsjen mar miste de skerpte om ta in útspile oanfal te kommen. Krekt foar de ein makke Bertus op oanjaan fan Willem Tjalsma, ús mear as fertsjinstelike gastspiler, 0-2.
De skiedsrjochter leaude it doe wol en fluite ôf.