Opropwrotters

SDS1 bekert tsjin Bûtenpost
3 oktober 2003
SDS League wike 2
3 oktober 2003

Sa’t jim yn de Treffer fan july sjen koene hat ek SDS opropwrotters. Ien fan dy opropwrotters is Remco Bervoets út Wommels. Remco is lykwols trainer fan Minnertsgea, in 4de klasser. De kans dat Remco sneons beskikber is foar SDS is net grut. Want mei syn ploech stiet hy krekt as SDS sûnder ferliespunt boppeoan. De kans dat hy earder de leane útstjoerd wurdt is dan ek wol hiel lyts.

Mei oare wurden in nei alle wierskynlikheid net al te aktive opropwrotter.