Opmerklike wepperkes

Seleksjes SDS 1 en 2 sneon
22 oktober 2004
Opstellingen SDS en WPB
22 oktober 2004

Hjoed hiel wat opmerklike wepperkes. Sjoch mar gau!

Net Pieter mar Pier!
Fansels wie it net Pieter Kamstra dy ’t forige wike de wykpriis pakte yn de SDS League mar Pier Faber mei syn team “Hoe fier komt Pier”. Dit kear wienen der wol inkelde minsken dy ’t sa alert wienen om te reageren. Tige tank hjirfoar.

Flupke is werom!!
Ús oprop om op syk te gean nei de kat fan Sjoerd van Beem(SDS3) hat fertúten dien.
De ûntfierder is net mear te efterheljen, mar Flupke sit lokkich genôch wer thús by Sjoerd op de bank.
  
Flupke sjocht al as hat hy in kater. Hy liket ek aardich ôffallen.

Wa is dat?
De trainer fan CSL, Kees Jansen(âld-SDS), hie moandei in goeie dei. Mei syn team wûn hy de oefenwedstriid tsjin SDS 1 mei 5-4. Hy koe dan ek in lange neus lûke nei Easterein. Dat die hy net. Hy die hiel wat oars. Dizze foto fûnen wy op it ynternet.

Dat stiet him net gek…..dat oranje shirt.

De blits yn Snits
Om syn kondysje wat by te hâlden giet de grinsrjochter fan SDS 1, Klaas Overal, eltse wike nei Snits te swimmen. Sa wie dit in pear wiken lyn ek wer it gefal. Hy krige doe in lyts probleemke. Doe ’t Klaas him omklaaide kaam hy der efter dat hy syn swimbroek ferjitten wie. Hy hie de tas hielendal op ‘e kop mar koe neat fine. Hin en werom nei Easterein wie gjin opsje. Dan mar yn ‘e ûnderbroek. “As ik no mar net krekt myn “gulpke-ûnderbroek” by my haw”, tocht Klaas. Hy hie gelok. Baukje hie de spiksplinternije boxershort yn ‘e tas dien. Sa makke Klaas dochs noch de blits yn Snits.

Nylander Van Gaal de nije leider fan SDS 3?
Wy as ynternetredaksje hawwe oeral ús eagen en earen.
Sa krije wy út alle hoeken ús nijs oanlevere. Sa heare wy fan wylde geruchten yn Nijlân. Der soe in Nijlanner wêze dy ’t troch SDS 3 benadere is om dêr lieder te wurden. It giet dan om dhr G.S. Ek wol de Nylander Van Gaal neamd. Wy hawwe in foto fan him te pakken krije kinnen.
 GS de nije lieder fan SDS 3?
Klik
hjir foar de wylde geruchten út Nijlân.

Wa is Lange Jan?
SDS 4 spile sneon tsjin Makkum 3. Soene jim ek graach ris in ferslach lêze wolle fan in oar, sjoch dan op
http://www.vvmakkum.tk by Makkum 3 of klik hjir. De
nederlaach fan Makkum lei neffens dat ferslach oan in partijdige skiedsrjochter en lange Jan dy’t izer sterk yn it tiidrekken wie. Mar wa is lange Jan?

Wa skoorde der no 6 kear fan ‘e wike?
Wy hawwe it ferslach fan Skelte Anema krigen oer de wedstriid fan it 2e sealteam tsjin RES 1. Sy wûnen mei grouwe sifers(7-2). Jacob Klaas makke de 1-0 mar wa skoorde dy oare 6? Klik hjir en sjoch gau wa as it wie.

Bliid hinne, ‘gûlend’ werom.

Sneon 16 oktober geane in heit, mem en soan en in freon mei in reiske nei de Arena yn Amsterdam. In hiele moaie middei hân yn de Arena. In rûnlieding, fan alles heart en sjoen en fansels it wichtichste, de wedstriid fan Ajax tsjin it Hearrenfean. Alle busminsken hienen in prachtich plakje boppe op de tribune mei it each op de middenstip en de parsetribune. Se sieten net safier fan de Keninklike lôge ôf en hienen self ek in keninklik plakje.

De twa jongkeardels binne echt Ajax-fans en gienen der ris goed foar sitten, want Hearrenfean wie wol te pakken. By de earste goal kamen de mannen allinnich in ein omheech yn it fak om te jûchen. De rest bleaun sitten want dat wienen fansels allegear Fean-fans. De mannen hienen it tige nei it sin en de rest fan it fak wie doe stil. Mar doe waard it 1-1 en de gesichten belutsen. By 1-2 kamen de ‘tongerbuien’ en by 1-3 wie it goed mis. Allegear praat, it lei oan de skieds, oan it fjild, de spilers ensafuorthinne en it hiele fak mar gnize en heit en mem ek.

De weromreis wie lang en dreech. Eltse kilometer waard troch de hiele bus frege hoe de einstân wie en as it al wer wat better gie. De beide mannen bleaunen stil. No Ewout en Christiaan, ik kin jimme allinnich dit sizze: De 1-3 lei allinnich mar oan Hearrenfean, want die wienen gewoan better! Sterkte mannen.
Groetnis, Louis.