Ofskie Jacob Klaas Haitsma

De poedelpriis is útrikt
31 juli 2021
Gelokkich ha wij de filmkes noch
1 augustus 2021

Driigjende wolken, mar úteinlik moai waar.

It wie freedtejûn in moai feessie yn ferbân mei it ôfskie fan Jacob Klaas Haitsma fan SDS 1.

18 jier lang hat hij diel út makke fan de A seleksje fan SDS.

SDS 1 en âld SDS 1 soargen foar de sportive noat op dizze jûn. Gelokkich mocht der publyk bij wêze

It jonge team fan trainer Douwe Posthuma wûn úteinlik mei 3-1. Doelpunten fan Habtamu de Hoop (prachtich lopke), Wesley van de Wint en Peter Hoogerwerf.  Jelmer Posthumus skoarde foar de âldtsjes.

Yn it skoft waard de poedelpriis fan de EK league útrikt en it lotsje lutsen foar de paraplu. Gjin tafal fansels mar wol opmerklik: Bonne Wiersma wûn de paraplu neidat Samme Overal it lotsje luts

Nei de wedstriid wie der in noflike neisit op it terras. Wedstriidsponser Erik Haitsma skildersbedriuw hie de pizzabakker oanrukke litten en de jongerein stie efter de bar.

Foarsitter Willem Wijnia die út namme fan SDS in wurdtsje en dat wie in fermaak.

Enne Jehannes Bruinsma hie noch wat sifers útsocht en joech in oersicht:  8 doelpunten, fuotballe yn de 1ste, 2de en 3de klasse. Oantal kaarten net yn byld mar oertreft it oantal doelpunten…..

Sinteklaas kaam lâns en dy joech ynsjoch wat er yn dy 18 jier allegear sein is oer Jacob Klaas op Sinteklaasjûn dat altyd útbundich fierd wurdt troch SDS 1 mei puntige gedichten. It wie in fermaak.

Ale van Tuinen mocht fan Jacob Klaas dizze wedstriid fluitsje. Dat fûn hij moai want skiedsrjochters en Jacob Klaas wiene net altyd in harmonieuws gehiel. Mar van Tuinen hat gjin hekel oan pratende spilers en boppedat is de KNVB bliid mei sokke kasspekkende spilers.

Pieter Sytsma spruts út namme fan de seleksje fan no en hij hie sjurtsje 3 foar Jacob Klaas meinommen

Jacob Klaas is wol in prater mar gjin sprekker dus wie syn slotwurd koart: tige tank allegear, ik haw in moaie tiid hân.

Hjir ûnder wat foto’s en moarn noch wat filmkes………