Ofskie Floris

Bekerfinale-weppers
16 mei 2009
Weppers moandei 18-5
17 mei 2009

Freed 15 maaie namen de spilers en supporters fan SDS ôfskie fan Floris Hiemstra. Hast 20 jier makke hij diel út fan SDS 1 en hij groeide út ta de rots yn de branning.

Dirk Yde Sjaarda naam it foartou om in ôfskiedswedstriid te organisearen tusken SDS 1 en wat âld SDS 1 spilers.
Henk Bootsma makke foar en tidens de wedstriid wat foto’s.


De seleksje fan trainer Klaas Dijkstra. Meast opfallende spiler wie Jan Weijer. Hij hie al moai wat jierren en in bal oanrekke.

Gelokkich is der in ôfdak makke bij de kantine. Sa koene noch hiel wat minsken de wedstriid droech sjen.

Jappie, Klaas en Floris geniete net fan it waar, mar wol fan it spul fan âld SDS.

En noch ien kear “draaft” Floris op en jout in pass op maat.

En de bruorren Sijbesma sizze him tank foar de prachtige jierren meielkoar

En twa sterke mannen nimme him op it skouder en drage him fan it fjild.

Broer Gert Jan druk Floris noch efkes de hân

En de útslach?  In ôftekene oerwinning fansels. Seker, mar wol foar âld SDS (!!!!)

hspace=0

Dirk Yde spruts Floris noch efkes ta…..

….en oerlange noch in kadootsje.

En ta beslút krigen Willem en Dooitze noch in bosk blommen as tank foar harren snelle en goeie aksjes op it fjild bij WPB. 

En dêrnei wie it tiid om noflik nei te praten oer fan alles en noch wat.