Weppers woansdei 8-1
8 januari 2014Weppers freed 10-1
9 januari 2014Finaleronde OFK
SDS sit sneon yn poule H5 en treft Drs. Vijfje 1, Workum 1 en Friesche Boys 1. It skema sjocht der sa út:
tijd | thuis | uit | uitslag |
10:04 | v.v. Workum | Friesche Boys 1 | – |
10:04 | drs. Vijfje 1 | v.v. S.D.S. | – |
11:46 | v.v. Workum | drs. Vijfje 1 | – |
11:46 | Friesche Boys 1 | v.v. S.D.S. | – |
13:28 | drs. Vijfje 1 | Friesche Boys 1 | – |
13:28 | v.v. S.D.S. | v.v. Workum | – |
Seleksje SDS 1 âld-seal
Sneon sille Jan-Simon, Feite, Anne, Harm, Peter, Tsjipke, Robert en Willem en begelieder Willem Overal om 9.00 yn de taksi nei Frjentsjer. Hoe let sy dan wer nei hûs ta gean dat sjogge sy dan wol.
Skorst?
Feite de Haan krige tiisdei yn de earste wedstryd tsjin Wykels/Hallum in reade kaart om ’t hy 2 sekonden foar tiid net snel genôch foar in frije traap weikomme koe. Lokkich genôch koste him dit mar ien wedstryd. Hy die dus tsjin Leovardia net mei. De rest fan it toernoai mocht hy gewoan wer meidwaan en sneon is hy der fansels ek by.
Akke-Rixt ek nei de finales
Akke-Rixt Zysling giet mei de froulju fan ONS ek nei de finales. Sa stiet der dus dochs noch in SDS-frou yn de finaleronde fan it OFK. ONS treft it net yn de finaleronde. Sy treffe SC Stiens, Wolvega en Drachtster Boys 1. ONS ferlear twa jier werom de finale noch fan Drachtster Boys 1……… Dêrneist hat Drachtster Boys 1 de lêste 3 edysjes wûn.
Foto’s OFK(1)
De foto’s fan de foarronde fan it OFK fan moandei kinne jim hjir fine.
Sieta Tessemaker yn aksje
Foto’s OFK(2)
De foto’s fan de foarronde fan it OFK fan ôfrûne tiisdei kinne jim hjir fine.
Feite yn aksje tsjin Urk.
10 jier lyn
Dizze beker is ynmiddels 10 jier âlder:
SDS-sealtoernoai foar B- en C-junioaren
Kommende sneon is it jierlijkse SDS-sealtoernoai foar B- en C-junioaren. Jim kinne jim hjir opjaan. It toernoai is moarns fan 9.00-13.00.
Oefenje
SDS 1 fjild docht dit jier net mei oan it OFK en hat sneon in oefenwedstryd. Sy oefenje dan op it fjild fan LSC tsjin …………New Holland of sa?
(it sil wol gean om Jong Holland út Alkmaar)
Midwintercup 2004
Ynmiddels alwer 10 jier lyn, mar noch altiten de muoite wurdich. Doe noch yn it FEC yn Ljouwert. Soe it sneon wer slagje?
dit de grutste hit wie………