OFK-Weppers freed 8-1

Weppers tongersdei 7-1
6 januari 2016
Sealtoernooi B en C junioren
8 januari 2016

SDS fjild op OFK
SDS fjild is der net yn slagge om de finale dei te heljen. Mei 1 winstpartij en 4 kear ferlies einigen se op it ien nei lêste plakje yn de poule fan 6.
Utslaggen:
SDS – ONS Sneek    1-0
SDS – Blauw Wit  seal 1   1-2
SDS – Futsal Buitenpost   0-2
SDS – vv Marrum   0-7
SDS – drs Vijfje  0-5
Drs Vijfje en Blauw Wit seal 1 meie sneon wer.

OFK sneon
Gelokkich is der sneon noch wol in SDS bijdrage op it OFK yn Frjentsjer dat om 9.30 oere begjint. SDS âld seal hat him wol pleatst foar de finale dei.
En neist SDS hawwe wij noch in “favoryt”. Buorman Oosterlittens  hat him ek pleatst foar de finaledei. Letter fêst mear oer de tiden en tsjinstanners.

Seleksje SDS (âld) seal
Foar SDS fuotbalje moarn de folgende SDS’ers:
Jaap, Feite, Tsjipke, Jacob-Klaas, Jan-Simon, Skelte, Habtamu, Pieter Sytsma en Willem.
Jaap, Jan-Simon, Tsjipke, Feite en Willem hawwe jierren yn SDS 1 seal fuotballe, Jacob-Klaas en Skelte inkelde jierren yn SDS 2 seal en Habtamu en Pieter binne de nije jonge hûnen.
Robert docht net mei. Hy is noch blesseard.
Willem Overal sil fansels mei as lieder/flagger.

Programma SDS (âld) seal)
It programma foar de (âld) sealfuotballers fan SDS sjocht der sa út:
9.30 oere: SDS – sc Emmeloord
11.12 oere: SDS – Waterpoort Boys (seal
12.54 oere: SDS – Foarút (seal)
De earste twa wedstriden binne yn de grutte hal ûnder de klok. De tredde lofts yn de grutte hal.
It hiele programma kinne jim hjir besjen. De lêste finalisten wurde jûn bekend.

Drege poule
De âld-sealfuotballers fan SDS treffe sneon in drege poule. Om 9.30 oere meie sy lyk fol oan de bak tsjin sc Emmeloord (seal). Dizze lju waarden ferline jier noch 2e op it OFK. De earste wedstryd ferlearen sy doe om ’t sy moarns mei de auto mei in lekke bân stienen en te let kamen. Dêrtroch ferlearen sy reglementair mei 2-0. De rest fan de dei wûnen sy alles, mar yn de finale tsjin sc Franeker (sneins) wienen sy útpoept. De hiele dei fuotballe sûnder wiksels bruts harren úteinlik op.

Derby
SDS mei it ek opnimme tsjin de sealfuotballers fan Waterpoort Boys 1. Benijd as sy dit kear ek mei de WPB-bus komme.

Âld-winners
SDS sit ek by Foarút seal yn de poule. Twa jongens fan Foarút spilen ek al mei doe ’t Foarút it OFK (doe noch Midwintercup) ferrassend wûn yn 2001. Sjoch hjir nei de prachtige bylden. Op de bylden sjogge wy ek âld-SDS-trainer Lykle Bleekveld.

Âld-winners (2)
Yn 2004 wûn SDS it OFK (doe noch Midwintercup). Fjouwer spilers dy ’t moarn meidogge by SDS spilen yn 2004 ek al mei. 


Harsens dreby (1656)
De mannen fan SDS geane moarn fêst op ‘e fyts nei Frjentsjer.