Nijjiersgroeten 2010!

Âldjiersweppers
30 december 2009
Weppers nijjiersdei
31 december 2009

Wy winskje jim allegear in noflik en sûn 2010 ta!!

Hjirûnder wat SDS’ers dy ’t jim ek wat nijjiersgroeten meijaan wolle:


Fanút Bristol: Mark winsket alle SDS’ers in soad punten ta en net te folle kaarten.


Fanút Eastenryk; Dirk Yde winsket alle SDS’ers alfêst in noflike Olympyske Winterspelen en in bult snie ta!


Fanút Liwwadden winsket Marcel Frankena alle SDS’ers in lokkich nijjier ta!


Ien fan de wepmasters winsket alle SDS’ers in “Hey Ho Let’s Go-2010” ta!


Flupke winsket alle SDS’ers in in protte tsiis en mûzen ta yn 2010!


Jan winsket alle SDS’ers in Rock’nRoll-2010!


Rudy winsket alle SDS’ers in HAKtelijk 2010!


Jacob winsket eltsenien in iiskâld 2010 ta!


Siem winsket alle SDS’ers in soad skriuw- en lêsplezier yn 2010!


De oare wepmaster hopet ek yn 2010 op in tige groeisum burd jier.



Sjoerd hopet dat alle SDS’ers yn 2010 mar wer noflik op de bank hingje meie!


Dat hopet Jaap ek!


Tom en Pieter winskje alle SDS’ers in bult lollys en frikandellen fan pake ta yn 2010!

En wy winskje Tsjalling Sikma hjoed noch in soad jierren yn sûnens ta. Hy is hjoed jierdei!

De allerbêste winsken foar jim, de  webmasters, en alle spilers, spylsters, frijwilligers en supporters fan SDS.
Wy hoopje op in puntenryk, blessurefrij, net al te wiet en sportyf 2010.
Gr. Fam. Kamstra, Hinnaard