Weppers nijjiersdei

Nijjiersgroeten 2010!
31 december 2009
Weppers snein 3-1-2010
2 januari 2010

Nijjierstoernoai moarn

Zaterdag 2 januari a.s  is er weer een nieuwjaarstoernooi, even voor de duidelijkheid het is in de zaal, en neem goed schoeisel niet met zwarte zool ook als je binnenkomt meld je even bij Jan-Bouke. Het zou mooi zijn als er zo veel mogelijk ouders bij zijn om te coachen of andere dingen te doen om het geheel makkelijker te maken nu de tijden en indeling.

*de F pupillen spelen om 9:00 uur
aanwezig 8:45 t/m 11:00.

*de E pupillen spelen van 11:30 t/m 13:30
aanwezig 11:15.

*de D pupillen spelen om 14:00 t/m 17:00
aanwezig om 13:45 . 

We hopen er een leuke sportieve dag van te maken, let wel goed op de tijden kom op tijd.

Groeten Jan-Bouke

Skuon
Je soene it net sizze mar mei sportskuon kinne je 15 jier ta. It bewiis is levere troch Feike Jorritsma. Hij moast dit jier nije skuon ha om mei te dwaan op it aldjierstoernooi -sealfuotbal foar útnoege persoanen. 15 kear hie hij de oare skuon brûkt en hij wie no  oan nije ta. Wij moatte der earliksheidshalve bijsizze dat se de oare 14 jier 364 dagen fan it jier nea brûkt binne.

Reedride
De 11 stêdenkoarts begjint ek hjir wat te kommen. Nije wike dik winter en dan …….. Dan soe it samar kinne dat de 11 stêden tocht der komt. Ien fan de dielnimmers dy’t ynlotte is , is Eddy de Boer, lieder fan SDS 5.
Syn kollega lieder hat der lykwols net folle fertrouen yn. Wol dat hij start mar net dat hij oankomt.  Mocht Eddy de Boer , ut Easterein dizze winter de 11 stedentocht útride dan bringt in wepmaster in kratsje Hertog Jan lâns op de lisfyts.

Jimbar en lifters
De lifters komme yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris oan yn Wommels.  Jimbar giet op 1 jannewaris om 23.00 oere iepen en alle fans en famylje binne dan wolkom om de lifters te ûntfangen.

Nijjiersresepsje 2010
Sneon  9 january 2010 is de nijjiersresepsje. Foar de resepsje is der in kuiertocht (by genoch dielname) en in tocht foar minsken dy’t wat hurder wolle.
De kuiertocht sil tusken de 10 en 12 km weze en het runtsje foar de dravers (fanôf de A-junioaren) is ungefear 8 km.
It is de bedoeling dat de kuierders om ca 13.00 oere en de dravers om ca. 14.00 oere starte sadat se  tagelyk werom binne by de Skoalleseize.
Hjir wachtet de dielnimmers in lekkere kop snert, klear makke troch de froulju fan de kommisje. Fanof ungefear hjealwei fiifenen healwei njoggenen sil de muzyk fersoarge wurde troch DJ Jan Bouke Bouma. Tuskentroch dogge we in pear slachjes mei it draaiend red.
Elkenien dy’t wat mei SDS hat is wolkom.  
De aktiviteitenkommisje.

Start training SDS 1 en 2
No ’t it 1 jannewaris is kinne wy wer foarútsjen nei de earste training. SDS 2 begjint kommende tiisdei 5 jannewaris al wer te trainen (klik hjir).
SDS 1 begjint in wike letter op tiisdei 12 jannewaris (klik hjir).

Henry
By Arsenal fûnen sy Thierry Henry de beste spiler fan de lêste 10 jier en net b.f. Dennis Bergkamp. Wêrom ’t sy foar Henry keazen kinne jim hjir sjen: