Âldjiersweppers

Liftwedstryd diel 3 finish
30 december 2009
Nijjiersgroeten 2010!
31 december 2009

SDS-frouljussealtoernoai
Mar leafst 27 froulju dienen der moandeitejûn mei oan it jierlijkse SDS-frouljussealtoernoai. Hjir waarden 5 teams fan makke. Team 2 wie úteinlik it sterkst. Sy wûnen al harren trije wedstriden. Team 3 en 4 eindigen eksakt lyk en moasten yn in wedstryd fan 10 minuten útmeitsje wa ’t der 2e waard. Team 3 wûn dit úteinlik yn de lêste sekonde mei 1-0 troch in wonderlijke goal fan Marije de Vries.

Nellie Stoffelsma, Wiepkje Hiemstra, Marije de Vries, Marije Hiemstra, Geertsje Spoelman en Margriet Rienstra mei harren 2e priis (Baukje Wytske Bakker ûntbrekt op de foto).


Wilma de Pundert, Joutzen Okkema, Sjoukje Bruinsma, Myriam de Boer, Anke van Asselt, Antsje Stenekes en Sieta Tessemaker binne wiis mei harren 1e priis.

Âldjierssealfuotbalje
Wa ’t nocht hat om fannemiddei noch efkes te sealfuotbaljen kin fannemiddei terjochte yn de seal yn Easterein. It begjint om 14.00.

Nijjierstoernoai D-, E- en F-pupillen

Zaterdag 2 januari a.s  is er weer een nieuwjaarstoernooi, even voor de duidelijkheid het is in de zaal, en neem goed schoeisel niet met zwarte zool ook als je binnenkomt meld je even bij Jan-Bouke. Het zou mooi zijn als er zo veel mogelijk ouders bij zijn om te coachen of andere dingen te doen om het geheel makkelijker te maken nu de tijden en indeling.

*de F pupillen spelen om 9:00 uur
aanwezig 8:45 t/m 11:00.

*de E pupillen spelen van 11:30 t/m 13:30
aanwezig 11:15.

*de D pupillen spelen om 14:00 t/m 17:00
aanwezig om 13:45 . 

We hopen er een leuke sportieve dag van te maken, let wel goed op de tijden kom op tijd.

Groeten Jan-Bouke

SDS 1 derop út
Beste minsken, 
Kommende sneon 2 januari stiet it uitje fan de A-seleksje op it programma.
De measten binne der ynmiddels al achter wer ’t we hinne gean.
Elts wurdt sneon om 09.20 oere ferwachte bij it busstation yn Wommels.
Treinkaartsjes ha wij al helle dus der hoe we op it station yn Ljouwert net mear achter oan.

Foar diegene die we dit jier net mear sjogge winskje we jim in goed úteinde en in noflik n
ijjier ta!
Folle lok en seine en oan’t 2010….
Groetnis,
Marten en Dirk-Yde

Fuotbalynsicht
Op sa ’n âldjiersdei sjogge je altiten werom op it âlde jier, mar wy wolle ek alfêst foarút sjen nei it nije jier. Sa binne wy yn it besit kommen fan de âlderearste útstjoering fan Fuotbal-Ynsicht. Yn it begjin fan it nije jier sille jim him hjir sjen kinne. Dat is fêst de muoite wurdich.
userIcon

Krystpuzzel Treffer
Ynmiddels hawwe wy al 3 goeie oplossingen binnen fan de Krystpuzzel yn de Treffer. Wy binne benijd as der noch mear binne dy ’t de oplossing witte. Mail it nei De
Treffer@vv-sds.nl.

Ham & Eggs
No ’t wy in pear dagen fierder binne binne wy der efter wêrom SDS net goed prestearde op it Krysttoernoai fan Frjentsjer. It lei fansels oan it iten of it gebrek dêroan. Erik hie gjin rollade op syn broadsjes (dat wie al op), Jaap koe neat ite troch in dikke lippe(troch in skop yn de earste wedstryd by syn earste balkontakt), Tsjipke hie gjin broadsjes mei(te let op bêd en gjin tiid mear om te smaren), Eeltsje koe it yn syn eagen wol rêde op in peukie, Willem miste in broadsje (……) en Jelmer hie fansels wer “
ham and eggs”.

Fjoerwurkspektakel
Sels hâlde wy net sa fan fjoerwurk, mar foar wa ’t der wol gek op is is der jûn wer in grut fjoerwurkspektakel yn Easterein:


Fjoerwurk (2)
Wy hâlde mear fan dit soarte fjoerwurk. De goal fan Dennis Bergkamp foar Arsenal tsjin Newcastle United begjin jierren 90 (klik
hjir) is troch de supporters útroppen tot beste goal fan de lêste 10 jier foar Arsenal. Wat my (dy webmaster sûnder bril) oanbelanget is it de moaiste goal ea. Dy oare wepmaster(dy mei koart hier) sil wol in goal fan Feyenoord útroppe as beste goal ea, mar dat is ek net sa dreech, want dat binne der net folle west……

Utlis
Jan-Rinse Blanksma sit op Curacao. Hij wie fanne wike te sjen mei Ronald de Boer, fuotballer mei in Ajaxhert. Dêr fûnen wij wat fan. Hjir syn útlis:
Allerearst, Ronald de Boer is indyd fan Ajax, dêr bin ik my goed bewust fan. Ronald de Boer is ek de man dy’t ik tsien jier lyn seach by in thúswedstryd fan de Grunninger FC. Hy wie dy dei net te folgjen foar de tsjinparty. Wat hij der op de linkerside die wie fantastysk! Hy hat it skoft dan ek net helle. Joop Gall en Harris Huizing hawwe him dy wedstryd sa oanpakt dat hy op’e brancard it fjild ôfdroegen waard. Ajaxied of net, it wie super wat hy der die!

Yn de taheakke sjogge jim in foto fan myn held. Ik hoop dan ek dat er net ien mear twifelje sil oan myn Feyenoordhert!
Foar eltsenien de allerbêste winsken fanôf Curacao en dat eltsenien mar op de brêge stean mei om 01.00 oere!
Groetnis,
Jan-Rinse

Harsens derby (102)
Hjir noch efkes wat hichtepunten út 2009:


Yn it nije jier fansels noch bulten mear nijs en oare apekoal!