Nije weppers freed 23-10

Weppers tongersdei
21 oktober 2009
Seleksjes 24-10
23 oktober 2009

Om gek fan te wurden
It is no freedtejûn 20.30 oere. Noch altiten liket it derop dat SDS 5 moarn trochgiet. Hoera,hoera!
Mar SDS 4 giet sneon net troch. Tzummarum belle al wer ôf, omdat se al wer te min spilers hawwe.
Wij fine hast dat it tiid wurdt dat de KNVB yngrypt bij al dy klups en alvetallen dy’t ôfbelje.

Krist yn Oranje

Krist Stoelwinder is spiler fan D2 fan SDS. Mar dat net allinne, hij sit ek bij it
CP voetbal. En dat betsjut oer de grins wedstriden, want der binne alinne ynternasjonale wedstriden. Yn de leeftydkategory ûnder de 15 sit Krist bij de seleksje. Hij stiet noch net op de alvetalfoto mar wij hawwe wol in foto krigen fan de training, wêr’t hij hij links mei it giele heske stiet. En Tjerk van der Pol as lieder en Boudewijn Kramer as trainer binne krekt as syn âlders tige grutsk op him.

Ynhelje en beker
Der is sneon in ferskaat programma. SDS 1 en SDS 2 bekerje en SDS 4 mooglik SDS 5 en  ek 6 moatte ynhelje.

Programma sneon

  útslach
12:00 SDS 4 (zat) – Tzummarum 2  oflast
14:30 Marrum 1 – SDS 1 (zat)  
13:30 BCV 2 (zat) – SDS 2 (zat)  
12:30 Ouwe Syl 3 (zat) – SDS 5   
14:00 Foarut 4 (zat) – SDS 6 (zat)
12:00 Joure SC A2 – SDS A1  
12:45 Mulier B1 – SDS B1  

Begjintiid
Oer de begjintiid fan SDS 4 bestie noch wat ûnwissichheid. Neffens it programma is it 12.00 oere. Mar omdat der letter gjin oare wedstriden binne, wurdt besocht de begjintiid te ferskowen nei 14.30. Spilers wurde mei sms op hichte steld troch Rudy. En wij hope it ek te hearen. En wij hawwe it heard: it giet net troch!!!

Meinte Sixmatoernooi
De jongste jeugd fuotballet moarntemoarn it tradisjoniele Meinte Sixmatoernooi. Meinte Sixma hat yn it ferline in soad dien foar SDS. Hij spile yn it earste, wie bestjoerslid en wie ek noch trainer bij SDS. 

Oefenwedstryd
Foar sneontemoarn stiet der in opmerkelike oefenwedstryd op it programma. Om 10.30 oere spylje Da2 tsjin C1

Debút
Tongersdeitejûn wie it foar Bram van Beem, ien fan de twa lieders fan Da1 in histoarysk momint. Hij wol it fuotbalspultsje noch better begripe en wie dêrom tongersdeitejûn ek te trainen bij SDS 4,5 en 6. En wij seagen in oantal perfekte foarsetten fan syn foet kommen. Spitich dat de spitsen der neat mei diene.

Grut fjild
SDS 4,5 en 6 koe tongersdeitejûn op it grutte trainingsfjild traine, omdat SDS 1 woansdei al fuotballe hie. Mei de 20 man dy’t der wiene wie dit best genôch.