Nije wepperkes

Nije stân SDS League!
26 februari 2004
Opstellingen SDS 1 en 2 moarn?
27 februari 2004

Oefenje helpt it?
Der is neat fan te sizzen at oefenwedstriden no wol of net nut hawwe. It earste oefent elke wike en stiet boppe-oan. It twadde hat de twadde seizoenhelte noch net oefene, stiet ek boppe-oan en hat alwer twa kear wûn. It 1e sealteam hat noch noait oefene en pakt de twadde priis al hast dit jier. Ik wit it net…………It 1e hat trouwens ôfrûne moandei mei 4-1 ferlern yn hun oefenwedstriid tsjin Balk.

Nije SDS-side
De side is ôfrûne wike wat feroare. Misse jimme noch iets, mail it ús dan efkes (
info@vv-sds.nl). Wy moatte noch inkelde oanpassingen meitsje en gean der moarn wer de hiele dei mei oan ‘e gong. Wy heare graach suggesties.

De nije Treffer

De Treffer fan febrewaris is út. Jimme kinne him foar dit wykein temjitte sjen. De nije yndielingen fan alle jeugdalvetallen steane der ek yn. (26-2)

Doelpuntenmakkers

Sneon 21 febrewaris hie SDS 1 mei 1-5 wûn yn it fiere Anjum. Dat berjocht wie al tillefoanysk trochkommen yn de kantine. Om de list mei doelpuntenmakkers by wurkje te kinnen yn in nije list, wachtsje wy meast efkes op lju dy’t dêr west ha. Dat duorre wat lang en om goed kertier foar seizen setten Willem en Aant ôf om as foarbyldige húsmannen 6 oere thús te wêzen. Gelokkich kamen se krekt bûten de kantine Harm Bergsma tsjin. “Harm, jonge, do kinst ús fêst wol sizze wa’t skoord hawwe yn Anjum”. In djippe sucht folge troch: ” Floris, Marco (2) en Durk Yde en……. Ja wa hat dy oare ek al wer makke. Ik wit it net.”seit Harm.”Oh ja, en Harm miste in strafskop.”

Net alhiel tefreden rûnen wy fierder. Krekt by de útgong siet it ús tige mei. Bruinsma kaam ek noch efkes lâns om te sjen at er noch wat ûnder de kurk siet. “Bruinsma, jo kinne ús fêst wol sizze wa’t skoord hat”. Bruinsma begjint “Marco, Hendrik de Jong..”

“Ho mar,”roppe sy yn koar, “Hindrik dy misten sy noch.” Dochs noch tige tefreden mei dizze ynformaasje setten se ôf nei Wommels en wiene wer krekt op tiid thús. Fansels koe krekt foar iten it nijs noch krekt efkes op de side set wurde en boppedat koe de Treffer dy klear lei foar de printer noch efkes by wurke wurde.

Moandei lêze sy dat it lykwols oars wie. Net Hendrik skoorde mar Durk Yde makke dat lêste doelpunt. Sa kin it dus barre dat er soms wat ferkeard op de side stiet en dat de Treffer net hielendal folledich is.