Nije spiler SDS 1!!

Ferslach Makkum 1 – SDS 1
9 maart 2004
Net bêst!
9 maart 2004

Neffens it programma fan vv Anjum 1 – SDS 1 wie der by SDS 1 alwer in nije stjer. It gie om Sjoerd van Beem. Fanôf tongersdeitejûn ôf makken sy hun Anjum al drok oer dizze nije spiler. Wêr helle SDS no wer sa gau in nij talint wei. Hjir it relaas:

Op tongersdeitejûn sitte alle lieders fan SDS te fergaderjen oer welke spilers sy sneons mei hawwe wolle. At Anne (of Oane) Brouwer alle nammen hat dan wurdt hy faak belle troch de tsjinstânner om te hearen welke nammen der yn it programmaboekje moatte. Wat wie no it gefal. Nêst de bestjoerskeamer siet de Trefferredaksje te fergaderjen. Fansels heard dêr in bierke by en Sjoerd wie oan ‘e beurt om te heljen. Doe ’t hy de bestjoerskeamer ynkaam om nei de koelkast te rinnen begroette hy fansels alle lieders freonlik (je witte noait wêr ’t it goed foar wêze kin). Op dat momint is Anne Brouwer oan ‘e lijn mei de tsjinstanner. Wylst Anne alle nammen trochjout begroet Sjoerd eltsenien.”Goeie Sybesma, Van Asselt, Evert, Bas, haaa Brouwer!”. Anne Brouwer begroet flot werom mar is oan ‘e tillefoan en dat wurdt wat lêstich. “……….Tsjipke Okkema, Gert Jan Hiemstra, ja? Haa Sjoerd van Beem!………., Harm Stremler, Durk-Yde Sjaarda……….


It programmaboekje fan Anjum

Hy stiet derby. De nije stjer fan SDS 1: Sjoerd van Beem.